Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
27 april 2006
Wepperkes -snein-
28 april 2006

Utslach net bekind
Op de webside fan Bolswardia kinne jim hjoed fêst lêze hoe’t de einstân wurden is fan de oefenwedstryd Bolswardia 1- SDS 1. De spilers fan SDS hulle harren yn stilswijen. Is it 3-1 foar Bolswardia wurden??? 

SDS 2 bliuwt yn dizze klasse
Justerjûn tidens de training kaam lieder Jan de Jong mei it goede berjocht dat SDS2 feilich is. De konkurrint CVVO hie ferlern en kin der no net mear bij komme. Soks hiet: in goeie prestaasje.

SDS C2
C2 hat juster in kompetysjewedstryd spile. Wij witte dat it op in bepaald momint 2-2 stie, mar hoefolle is it wurden? Mail it nei
info@vv-sds.nl!

Keatse
Yn Wommels en Easterein wurdt sneon keatst. De lotting fan Wommels kinne jim
hjir sjen.

Frysk diktee
Dizze wike wie it grut Frysk diktee. Fansels woene wij ús krêften ek mjitte mei oare frisiasten. Om jim in yndruk te jaan hokker ûnsin je dan op skriuwe moatte hjir ien fan de sinnen:
It hiele projekt is mei hûndertachttjin miljoen euro grif net betelle. Mar ear’t de earste lodde de grûn yngiet, krije grimmitige fortuynisten, tsjinabbelearjende sosjalisten of oare jangatsjende lju dy’t gâns poerem útjouwe, de kâns om yn in referindum mei in nee-stim in skoatteltsje te striken foar de ambisjeuze plannen en it ferhaaltsje út te pûsten.
Der wie ien gelok bij: per wurd koene je mar ien flater meitsje.

Fjildonderhâld

Het jaarlijkse veldonderhoud is weer begonnen, onder het keurend oog van onze eigen Fred Scheltema wordt de nieuwe egalisatiemachine van de stichting Skoalleseize gekeurd en oke bevonden.Ook dit jaar worden de werkzaamheden weer uitgevoerd door SDS sponsor leanbedriuw Okkema. Er zal in volgorde worden geverticuteerd ,bezand, gevertidraint, geegaliseerd en worden doorgezaaid zodat wij hopen dat ook volgend seizoen de velden er weer super bijliggen.
Groeten bestuur “Skoalleseize”

Jeu de Boules


Verder is het Jeu de Boules seizoen ook weer begonnen  en blijkbaar hebben deze mensen een nieuwe hoofdsponsor gevonden.
Groeten bestuur “Skoalleseize”