Wepperkes -snein-

Programma en útslaggen 1 april
31 maart 2006
Wepperkes -moandei-
2 april 2006

SDS 1 ûnderút
In lykspul hie miskien wol terjochte west mar dêr keapje wy neat foar. Yn Burgum ferlear SDS 1 mei 2-1 fan BCV. Klik hjir foar it ferslach fan Topamateurvoetbal.nl.

It lei him yn elts gefal net oan de knyn en de woartel……

D1 wint
D1 hat justermoarn mei 3-1 wûn fan TTBC. In oantal foto’s fan dizze wedstryd kinne jim
hjir sjen.

Senioren net suksesfol
De senioren fan SDS wiene juster net echt suksesfol. Allinne SDS 2 helle in puntsje. Doelpuntenmakkers juster wiene: Dirk Yde Sjaarda, Ruurd Boorsma, Wichard Deinum, Bas de Haan, Johannes Dotinga en Ype Tiemersma.


Hoe lang noch?
Sa ’n nij skoreboerd is hartstikke moai mar it moat al efkes wenne. Dit die juster wol bliken by Heerenveense Boys 2 – SDS 2. Al in skoftke stiet der by Heerenveense Boys in prachtich skoreboerd mei de stân en de tiid dy ’t der spile is derop. Ien fan de spilers fan Heerenveense Boys 2 wie der juster noch net fan op ‘e hichte. Yn de 43e minút gie hy nei de oare kant fan it fjild om syn leider te freegjen hoe lang der noch te spyljen wie……….

1 april!
Jeroen Brouwer skrok justermoarn aardich doe ’t hy fan bêd ôfkaam. Anke wie al beneden en melde Jeroen dat al it fuotbaljen ôflast wie. Jeroen woe lyk wol wer op bêd en baalde as in stekker. Hy belle lyk syn heit mar dy naam net op. Ek yn de kantine waard de tillefoan net opnaam. Jeroen wist net mear wat der moast. Anke koe it net langer oansjen en biechte op………….1 april!!!

Pasfoto’s
Dit wykein binne der dochs noch hiel wat giel/brûne briefkes rûnbrocht om de spilers pas foar takem jier te regeljen.
Wij rekkenje der no op dat it briefke net wer fansiden lein wurdt mar dat jim aksje ûndernimme.

Snel yn askje
De briefkes wiene noch mar krekt besoarge of de earste pasfoto waard al op Swingoerd 25 besoarge. Dat kin fansels mar ien persoan wêze: supersnelle Dennis Dijkstra.
In lyts kertier letter waarden der al wer twa foto’s besoarge. Rudy en Ralph koene net tsjin de snelheid fan Dennis op mar reagearden ek hiel fluch. Klasse mannen!

Wy hienen ek noch wol in pasfoto fan Dennis……..

Futsal: SDS 3 krijt te min?
SDS 3 hat tiisdei mei 8-4 wun fan RES. De doelpunten waarden makke troch: Johan (4), Jacob (2), Pieter, Klaas en Hendrik. De man by it skoreboerd hat wierskynlik in goal mist.

Oplost
It probleem is oplost! De wedstriid fan SDS 2(futsal) tsjin ZVH is in wike ferskeaun nei moandei 10 april. Wy kinne kommende moandei dus “gewoan” nei de Lama’s ta yn Grins. Dêrnei sille we de sted (ûn)feilich meitsje…
Groetnis DYS

Bekerje
De veteranen fan SDS sitte as ienigen noch yn de beker. Op 11 april kinne jim jûns om 18.45 oere sjen hoe’t it harren ôfgiet yn de wedstryd tsjin Anjum.

Trije kear yn aksje
Eeltsje Postma hat juster in dei te fuotbaljen west. Earst mei A2 , dêrnei de senioren fan SDS 5 noch efkes bijstean en tsjin de jûn mocht hij ek noch foar SDS 4 opdrave.
Allinne mei syn eigen ploech A2 wûn hy.

Barcelona
Dirk Yde Sjaarda hat foarige wike mei syn suster Wolma nei Barcelona-Getafe west. Alle foto’s steane no op de webside fan it Dophok(klik hjir).
p1010151.jpg
Juster bleaun it 1-1.

Jierdei
Trienus de Jong(SDS 4) wie juster jierdei. Hy is 34 wurden. Fan herte lokwinske! Hy mei dus noch altiten net meidwaan oan de bekerwedstriden fan de 35+.

Klik hjir om Trienus lok te winskjen!

Letter hjoed mear!