Programma en útslaggen 1 april

Seleksjes sneon 1 april
31 maart 2006
Wepperkes -snein-
31 maart 2006

By de wedstriden:

SDS 1
Foar SDS 1 liket it 1eKlasserskip derop te sitten. Neidat konkurrint CVVB middeis 3 punten pakte tsjin PKC wie it hielendal dúdlik dat SDS winne moast tsjin BCV. Jammer genôch slagge dit net. SDS kaam nei sa’n 20 minuten mei 1-0 efter en like dêrmei ek te rêsten. It wie Dirk-Yde Sjaarda dy dit krekt foar de rêst dochs foarkomme koe. Mei in prachtige knal makke hy der 1-1 fan. Yn de twadde helte wist BCV der 2-1 fan te meitsjen. SDS koe hjirnei gjin fûst mear meitsje.

SDS 2
SDS 2 pakt netsjes in puntsje by Heerenveense Boys. It waard 1-1. It doelpunt fan SDS waard makke út in prachtige(lykas foarige wike) frije traap fan Ruurd. fan te foaren soe Klaas okkema tekene hawwe foar in puntsje. No hie der efterôf wol mear yn sitten. Freegje Stefan van Krimpen mar…

SDS 3
SDS 3 heaket no hielendal ôf foar it kampioenskip. Oeverzwaluwen makke 2 goals út in frije traap en SDS 3 koe hjir jammer genôch mar 1 goal (Wichard) tsjinoer sette.

SDS 4
SDS 4 gie juster mei 5-2 ûnderút tsjin Makkum. Tsjin de wyn yn wie Makkum de earste helte folle better. Makkum stie mei de rêst dan ek mei 3-0 foar.De twadde helte moast SDS wat mear risiko nimme. Sa kaam SDS noch tot 3-2, mar hjirnei wie de piip leech. De doelpunten waarden makke troch Ype en Bas de Haan.

SDS 5
SDS 5 gie juster thús mei 4-2 ûnderút tsjin Ljouwerter Sweltsjes 11. Bas de Haan en Jehannes Dotinga makken de doelpunten foar SDS 5.

SDS A1
“Wij binne no feilich” sei Marco no ôfrin fan de wedstryd tsjin Makkum dy’t mei 5-0 wûn waard. Doelpunten fan Feiko(skot mei lofts) Feiko (skot mei rjochts) Jelmer, Feiko en Andrew.

SDS A2
Stefan van der Velde fan de Bieren bij Waaksens skoorde syn earste SDS doelpunt. Jelmer van der Valk út Mantgum makke ek in doelpunt sadat de 2-0 op it boerd kaam yn de wedstryd tsjin ONSTop3

SDS C1
Hjir it ferslach fan C1. Hjoed om 11.50 fuort, om 13.20 (moast 13.00 oere wêze) fuotballe en 16.00 oere wer thús om noch in kertier fan A1 te sjen en it earste út te swaaien! In makkelike wedstriid mei in 0-9 skoare tsjin Blauw-Wit’34 C2. In opstelling 3-3-4 moast kinne tsjin dizze tsjinstanner en dat slagge hiel bêst. Sels Harm Jan koe in soad (yn de wyn) as 11 fjildspiler en soarte fan lêste man meidwaan.
Goed fuotballe mei taktyik en patroanen mar gjin echte wedstriid.
Groetnis, Klaas.

SDS D1
D1 hat justermoarn mei 3-1 wûn fan TTBC. In oantal foto’s fan dizze wedstryd kinne jim
hjir sjen.

SDS E 1
Twa tefreden lieders, Meinte en Jaring kinne melde dat Teun en Allert de doelpunten makke hawwe wêrtroch mei 2-1 wûn waard fan Workum

SDS E2

De folle winst nei trije wedstriden. Nei in drege pot wûnen se fan Sneek E2. Doelpunten wiene der fan Joost(2), Marco (2) en Gosse.

SDS E3
Ek E3 kin net achter bluiwe. Easterlittens e2 – SDS e3 3-7. Mei de rest stie it 3-1. Toen kwam SDS op gong. Jacco 2, Nies Douwe 3 Thijs 1 en Foeke Dirk 1.
Mei prachtig kombinaasje foutbal.
Lieder Douwe Reitsma

SDS F3
Vandaag moesten we tegen oeverzwaluwen.
we hebben gewonnen met 5-1.
gerwin opende de score en het tweede doelpunt was een fraai afstandschot van niels.
overige doelpunten werden gemaakt door koen 2 keer en inne een keer.
niels hazewindus

 

12:30 SDS 3 – Oeverzwaluwen 2  1-2
16:15 SDS 4 – Makkum 3  2-5
14:30 SDS 5 – Leeuwarder Zwaluwen 11  2-4
14:30 SDS A1 – Makkum A1  5-0
12:30 SDS A2 – ONSTOP63 A3  2-0
10:45 SDS D1 – TTBC D1  3-1
9:00 SDS D2 – Arum D1  1-4
9:00 SDS E1 – Workum E1  2-1
9:00 SDS E2 – Sneek E2  5-3
10:00 SDS F1 – Foarut F1  1-8
10:00 SDS F3 – Oeverzwaluwen F3  5-1
18:30 BCV 1 – SDS 1  2-1
12:15 Heerenveense Boys 2 – SDS 2  1-1
9:30 BergBCVComb B1 – SDS B1  4-0
13:00 Blauw Wit ’34 C2 – SDS C1  0-9
10:00 OudegaHJSC C1 – SDS C2  2-1
13:00 LSC 1890 D4 – SDS D3  
10:00 Oosterlittens E2 – SDS E3  3-7
11:30 CVVO E3 – SDS E4  
9:00 Lemmer F1 – SDS F2  1-7
10:00 Frisia F9 – SDS F4  
9:00 JV Bolsward F6 – SDS F5  7-1