Wepperkes (peaskemoandei)

SDS 2 wint op Stille Sneon
11 april 2004
Utslaggen 12 april
12 april 2004

Ype en syn teloarstelling

Ype Tiemersma wie der hielendal klear foar. Op peaskemoandei fuotbalje thús tsjin Noordburgum. De aaien wiene yn de reklame by de Welkoop en Ype hâldt wol fan in grap. Hy hie 5 doaskes aaien kocht en fan doel se yn it fjild te lizzen sadat by de warming up de aaien socht wurde koene. Helaas de wedstriid gyng net troch en derom gjin aai yn it fjild mar wol yn it doaske.

Doelpuntenstatistyken en SDS D1
Klaas Pompstra hat sneon ek wer switten. Hy hat foar ús soarche foar nije doelpuntenstatistyken (sjoch by de Treffer) en foar in stikje oer SDS D1. Jimme kinne it lêze by junioren ûnder SDS D1, wedstrijdverslagen.

De pinguin
Foar degenen dy ’t fanmiddei nei it fuotbaljen net nei Aaipop gean en neat te dwaan hawwe neidat de kantine om 6 oere tichtgien is, dy krije hjoed noch de mooglikheid om nûmer 1 te wurden yn : smyt dy pinguin in ein fut! Moarn kinne jimme hjir sjen wa at dit wykein earste wurden is. Hege skores kin mei kommintaar mailt wurde nei info@vv-sds.nl.

Bananen, sjampoo en ………reflex
No at SDS 3 ek wer meidocht om it kampioenskip krije wy ek wer ris in stikje oer de wedstriden fan SDS 3. Wy binne hjir tige wiis mei. Jimme kinne it lêze by senioren by SDS 3, wedstrijdverslagen. Wy kinne wol sizze dat it tige de muoite wurdich is om te lêzen, of net Hampie?(mei tank oan Anco)
 Dizze potsjes lykje in soad op elkoar Hampie!?


Peaskemoandei

Fansels je kinne op sa’n dei kieze foar in meubelsjo, mei it risiko dat je jûn deawurch delfalle op de fertroude bank dy’t je feitlik net kwyt wolle.

Fansels je kinne nei in rommelmerk en keapje de selde rommel dy’t je oars oan it korps jouwe.

Fansels je kinne nei in túnsintrum , mar dat  hâldt mooglik yn dat je jûn alles yn in fêst al fierstentefolle tún  kwyt sjen wurde te moatten.

Fansels je kinne ek nei Aaipop, allinne hawwe je moarn mooglik in aaikop.

Je kinne nei Easterlittens _St Jabik en it soe wêze kinne dat je ek noch nei in tsjerke kinne.

Der is in goed alternatyf: nei de skoalleseize, want A 1 fuotballet om 13.00 oere en SDS2 om 14.30 oere. 

SDS5 op nei kampioenskip

De SDS 5 karre begjint te kreakjen mar wint noch wol. 3 doelpunten yn de wedstriid tsjin Frjentsjer . Fan wa? Lês it ferslach by senioren

 

In jûntsje út

Okkerlêsten wie SDS 5 yn Súwald (sprek út Sewâld). Sa’t jim earder lêze koene, waard der nei de tiid noch gesellich neisitten yn it doarpshûs.

De omset is wierskynlik dy jûn fertsiendûbele, (koar leden kinne mei ien laddderich bakje thee ta) en dat wie foar de ponghâlder fan it doarpshûs reden om kontrakt op te nimmen mei de pleatselike fuotbalklup. “Sokke ploegen kinne hjir wol wer komme”, wie syn kommentaar.

Sneon 10 april kaam it tillefoantsje út Súwâld al binnen by lieder Ids Boersma. At SDS 5 ek meidwaan woe oan it toernooi op 22 maaie?

Helaas, koe it oanbod oannaam wurde, want dan is der jubileumkeatsen yn Easterein en dat wolle en kinne in protte net misse.

In folgende útnoeging wurdt wol yn oerwaging nommen.