SDS 2 wint op Stille Sneon

SDS 1 bliuwt yn ‘e race.
11 april 2004
Wepperkes (peaskemoandei)
12 april 2004

Juster hat SDS 2 op Stille Sneon syn wedstriid tsjin Bolswardia mei 4-2 wûn. Yn it fjild baarnde sa no en dan it hillige fjoer efkes flink. SDS 2 krige 1 reade (Gerrit T.) en 3 giele kaarten (Henk, Syb en Frank).

SDS 2 hie de earste giele kaart al gau te pakken. Skiedsrjochter Breuker liet binnen 2 minuten Frank al sjen de giele kaarten net ferjitten te wêzen. Frank naam hjirmei it rekord oer fan ús kaartenspesjalist Jos Z. De spilers fan SDS 2 koenen menoar mar dreech fine. De fuotten fan de Boalserters wienen makliker te finen (en sa no en dan ek te reitsjen). SDS kaam dochs foar. (Mara)Donny sette goed foar en Henk wie skerp (ûndanks in nacht efter de komputer) foar de goal en sjitte de 1-0 binnen. Hjirmei gie SDS de rêst ek yn.

Bolswardia wist yn ‘e twadde helte 1-1 te meitsjen. SDS makke 2-1 nei in penalty fan wer Henk (terjochte penal neidat Pieter ropte dat hy ûnderút helle waard). It waard sels 3-1 foar SDS. Willem sette de bal skerp foar op Pieter, wernei in Boalserter de bal sels mar yn ‘e goal glide. Foar de skieds waard de wedstriid hieltiten dreger. Spilers waarden by boskjes ûnderút helle en Gerrit T. krige it oan ‘e stok mei in Boalserter. Sy koenen beide ûnder de brûs. It waard úteinlik noch 4-2. Gerrit H. skoorde nei in foarset fan Henk.

Opfallend by Bolswardia wie dat takomstich SDS ‘er Ruurd Boorsma 2 kear skoorde.

SDS 2 is noch net kampioen. Olde Veste waard juster ôflast. Ek Peaskemoandei kin SDS 2 noch net kampioen wurde. At eltsenien no moarn earst by SDS A1 (12.30 oere) komt te sjen en dernei by SDS 2, dan kinne wy dernei moai mei syn allen nei Aaipop.