Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
16 januari 2006
Wepperkes -woansdei-
17 januari 2006

Foto’s Battle
Fan Titus hawwe wy hiel wat foto’s krigen fan The battle fan snein. Freed kinne jim se hjir besjen op de webside.


Cheerleade
De úteinlike tsjinprestaasje dy ’t de mannen fan SDS 1 útfiere moatte waard betocht troch Feike Jorritsma. Hjirûnder kinne jim sjen hoe ’t in cheerleader der ôngefear útsjen moat.



Louis van Gaal

Dit wie de leste trainer fan Ajax dy ’t syn kontrakt úttsjinne. Wy krigen goeie antwurden binnen fan Mark Postma, Wichard Deinum, Tsjerk van der Pol, Harm-Auke Dijkstra en Douwe Reitsma. Freddy Scheltema hie it as ienige net goed. Hy tocht dat it Morten Olsen wie. Klik hjir om te sjen welke trainers Ajax yn al dy jieren hân hat.

Kees Kruk
Sneintejûn hat Kees Adema foar it earst wurke yn de Jimbar. Hy hie it net sa drok want de measte minsken wienen yn Easterein by The Battle. Op syn earste wurkjûn kaam hie der al gau efter dat hy net tefolle stean moat efter de bar. Kees is namelijk aardich oan ‘e lingte en stjitte geregeld syn kop. It die him beslúten om op in kruk plak te nimmen en sa eltsenien te betsjinjen. Dit wurke perfekt. Mei syn lange earmen hoefde hy net fan de kruk om glêzen te woskjen, bier te taapjen, musyk te programmeren, ôf te rekkenjen, ensfh. Dit levere him dan ek lyk in bynamme op: Kees Kruk.

Kees Kruk yn aksje!
(Mei tank oan Jaring Rispens)

Oer de Alvestêdentocht.
Kommende freed is de busâlvestêdentocht bij Jimbar wei. Der is noch plak foar dik 10 minsken. Mannen en froulju. (Dêr kinne der wol wat ekstra fan by) Wa’t noch mei wol kin him opjaan bij
Wybren

Jierdeis
Ek de dizze wike binne der wer feessies. Opfallend dêrbij is dat je op 18 jannewaris wol op 4 adreskes telâne kinne. Hjoed wurdt er trouwens ien 30!!!

A1 Malcolm Feyten 16-jan-87
2e Willem Wijnia 17-jan-76
C1 Doede Kooistra 17-jan-91
1e Jeroen Brouwer 18-jan-78
1e Remco Brouwer 18-jan-78
E3 Nico Bakker 18-jan-96
Oprop Kees Adema 18-jan-85
E1 Teun Heeres 19-jan-96
F3 Koen Zuidema 19-jan-98
A1 Redmer Strikwerda     21-jan-88
B1 Germ Sieperda 21-jan-90

Foto fan Henk
Snein leiten wij de foto sjen fan Henk Bootsma mei de fûgels op de toer. Wij binne no twa dagen fierder en der sitte noch no mar
twa fûgels op.

Hawwe jim noch nijs? Mail it nei info@vv-sds.nl!