Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
4 december 2005
Wepperkes -tiisdei-
5 december 2005

Hoe giet it mei……Gert Jan Hiemstra
Sûnt it begjin fan dit seizoen is hij blesseare. Hast 14 dagen lyn is hij holpen oan syn knibbel. Der is wat grús fuorthelle en der is konstateard dat syn kreakbeen net hielendal goed wie. Mei dizze yngreep hopet Gert Jan dat it allegear better wurde sil. Dat is noch ôfwachtsje.

Hoe giet it mei……. Harm Stremler
Harm hat bij it laminaatlizzen yn augustus in blessure oprûn. Hij is ûnderwilens opereard en rint al wer as in ljip. Hij is no al wer wat oan it draven en at hij net te folle op trepkes klimt dan ferwachtsje wij him nei de winterstop seker werom. Harm hat op dit momint allinne al wat lêst fan de rêch. By de fysiotherapeut hat hy wat te hurd oan de gong west mei de gewichten.

Hoe gie it mei …SDS 4
SDS 4 is sneon yn Marssum west. Tige gesellich en in puntsje. Sipke Hiemstra mailde juster 15.00 it folgende ferslach(klik hjir).

Sinterklaas
Wij hoopje dat elkenien in leuke sinterklaas hân hat of noch krijt. Altiten leuk binne de filmpkes oer Sinterklaas. Tenminste at er wat mis giet. Jim kinne
hjir in oantal besjen

Supporters

Foar de meilibjende supporters in tige spannende wedstryd sneon yn Easterein. Gelokkich kin in bokje dan helpe de spanning fuort te heljen.

Hoe ha se spile?
Sneontemiddei om in oere as 4 kamen de spilers fan A1 werom. Se bleauen wat fertocht lang bij de yngong stean en Tamme de Boer, heit fan ien fan de spilers, woe wol graach witte hoe’t se spile hiene. Fanút de lijte fan de kantine dêr hielendal hinnerinne wie gjin opsje. Te kâld en te fier!
Der om mar efkes skilje. It wie dus 1-1 wurden.


Hawwe jim noch nijs? Mail it nei info@vv-sds.nl!