Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
4 december 2005
Wepperkes -woansdei-
7 december 2005

Wol of net better?
SDS 1 fuotballe sneon knap en pakte hast 3 punten tsjin Staphorst. Dochs fûn de ferslachjouwer fan Topamateurvoetbal.nl de Staphorsters better. Klik
hjir foar syn ferslach.

Nederlânse keepers by Barcelona
Der binne 2 Nederlanders dy ’t oait by Barcelona keept hawwe. Wa binne dat?
Mail jim antwurd nei info@vv-sds.nl!

Hast winterstop
Sa ’t it no liket spilet SDS 1 sneon foar it lêst foar de winterstop. Sy moatte dan út nei HZVV. Folgende wike is der noch in beker-/ynhelprogramma mar sa ’t it no stiet hoecht SDS 1 dan net te fuotbaljen. Ek SDS 2,3 en 5 hoefe net. SDS 4,A1,A2,B1 en C1 moatte al.

Winterstop
De pupillen hawwe foarige wike harren lêste wedstriden al hân. Sy hoege pas wer op 4 maart 2006 los foar de kompetysje.

Wer fit
Stefan Visser fan D1 hat inkelde wiken út de roulaasje west mei in knibbelblessure. As it goed is kin hy sneon tsjin Dronryp wer meidwaan.

W.K. 2006
Freed wurdt der lotten foar it WK fuotbal fan folgend jier yn Dútslân. Hjir alfêst in webside dy ’t jim yn de gaten hâlde moatte(klik hjir).



Ferkeard parkere
Fan ’t wykein waarden der yn Snits hiel wat auto’s beboete foar ferkeard parkeren. Lokkich genôch gie it fuotbaljen gewoan troch en binne der dan ek net folle SDS’ers dy ’t in bon krigen hawwe. Dizze frou krige de dikste boete. Dit wylst sy krekt wol foar it parkeren betelle hie(klik hjir).

It bloed krûpt….

Strikwerda en Rispens wiene sneon al betiid yn Easterein. Earst de beide soannen (Sjoerd en Bote) yn it twadde efkes sjen. Fansels bliuwe je dan ek noch efkes bij it earste. Undanks dat se goed ynpakt wiene, wiene se bliid dat it kertier oer trijen efkes skoft wie. De twa Spannumers gyngen lykwols net nei de kantine mar nei de sporthal. Bij it kuorkebaljen sjen die bliken, want harren favoryt KC Spannum spile dêr. Op de fraach yn de twadde helt hoe’t it wie: “Wij waarden der net waarm fan”, seine se, en dat koene wij ús goed foarstelle.

Hawwe jim noch nijs? Mail it nei info@vv-sds.nl!