Wepperkes -snein-

Wepperkes -sneon-
3 december 2005
Wepperkes -moandei-
4 december 2005

SDS 4
De feteranen fan SDS 4 binne juster nei Marsum west om dêr trije punten wei te heljen. De útslach is ús noch net bekind, de doelpuntenmakkers ek net, dus de fraach is binne se al werom. Of sitte se noflik bij Hielke de Vries(âld trainers SDS en no trainer fan SSS) noch oan de bar mei in …..fleske.
Wa’t in feteraan sjoen hat en/of de útslach wit en de doelpuntenmakkers , kin maile nei
info@vv-sds.nl!

Earste feteraan meldt him!!!!
Om likernôch 17.15 oere ûngefear 25 oeren nei it lêste fluitsinjaal hat de earste feteraan him melden. Stoffel Bouma lit ús witte dat it 1-1 wurden is en dat Ype Tiemersma skoord hat en … dat er yndie noch altiten fleske binne yn de kantine fan SSS.

Judotermen
Marcel Frankena hie it juster foar de radio oer in judo term om oan te jaan hoe’t Hendrik de Jong ûnderút helle waard. Op ús fraach hokker term hij brûkte krigen wij in reaksje fan de Eastereinder judospesjalist Fedde Wiersma:
Doe’t ik Marcel op ‘e radio hearde, hie ik as judo-kenner direkt troch dat Hendrik omlein wie troch in “O-Uchi-Gari” oftewol de 5e beenworp; dizze technyk is, sa ’t Marcel op ‘e radio ek al sei, yn it judo goed foar “ippon”, oftewol de folle winst, (mar bij fuotbal net genôch foar in strafskop.)

Marten Faber
SDS fuotballe juster as in echt kollektyf. Der wiene sûver gjin swakke plakken en der wiene ek suver net útblinkers. Omdat Marten it maklist op de foto te setten is, hawwe wij foar him in aksjeoersicht.

C1 hellet topskore
C1 makke juster 16 doelpunten. Dat is op sich al geweldich. Noch geweldiger is it dat je nei ôfrin alle 16 doelpunten noch beskriuwe kinne. Sjoch
hjir.

Komplimenten
Klaas Pompstra mocht juster as flagger fan SDS 2 foar de earste kear yn de nije boksen. Hjirbij wol hij de komplimenten graach jaan oan de minsken dy’t hjir foar soarge hawwe.

200 kear
Douwe Reitsma is nei in lange tiid wer aktyf as skiedsrjochter. Juster fluite hij syn 200 ste wedstryd.. Fan herte.

George Best 1946-2005

Juster waard hy nei syn lêste rêstplak brocht. Klik
hjir foar it ferslach fan de BBC.

Letter hjoed mear. Hawwe jim noch nijs? Mail it nei info@vv-sds.nl!