Puzzelje
Foar de leafhawwer efkes in puzzel om dizze snein en de hjerstfakansje troch te kommen. Wy ferwachtsje in protte dielnimmers fan de A spilers en hoopje fansels dat trainer Marco en lieder Klaas de goeie opstelling meitsje kinne. De tiid dy’t jim nedich hiene kinne jim maile .
Om de puzzel te meitsjen moatte jim efkes op de foto klikke dy’t fan plak feroarje moat.
Moandei in puzzel fan B1.
Big Pieter
Lokkich genôch waard dizze wike krekt op ‘e tiid ek Pieter G.(ek wol Big Pieter neamd) frijlitten troch justysje. Sa koe hy moai de organisaasje fan it Meinte Sixma-toernoai(tegeare mei Syb O.) op ‘e tiid wer oppakke.
Nijland 1 pakt 3 punten yn de lêste minút
Douwe Reitsma wit ús te melden dat Nijland 1 juster mei 3-2 wûn fan SVM. Neat opfallend oan wie it net dat de wedstriid al mei al 103 (!!) minuten (1e helte 48 en de 2e 55 minuten) duorre. De skiedsrjochter hie it dus dúdlik goed mei de Nijlanners foar want dy skoorden yn de allerlêste minút de 3-2 tsjin de touen.
Ferslach fan Sipke
It folgende ferslach fan de bekerwedstriid fan SDS 35+ krigen wy justerjûn binnen fan Sipke. Hy wie bliid dat hy mei mocht want dan hoefde hy net nei Nijlân:
Held op sokken?
Geert Dijkstra fan SDS A1 woe graach efkes reagere op it stikje fan trainer Marco Hoekstra fan SDS A1 oer it slappe trainen fan woansdei. By dizze:
Oké Marco. Ik gean de folgende kear wol op sokken trainen. Doarst dan al tsjin my? Dizze wike sille wy der wer foar gean en dan pakke wy kommende sneon de 3 punten wer.
Geert
Nijs?
Hawwe jim noch nijs, mail it dan nei ús.