Wepperkes -moandei-

SDS League: Op sich de beste ploeg boppe-oan!
18 september 2005
SDS C3 Kampioen 1982-1983!
19 september 2005

Ferslach SDS 3
SDS 3 wûn sneon knap by Frentsjer. Klik
hjir om it ferslach fan Wichard te lêzen. Oan it ein fan syn ferslach jout hy oan dat SDS 3 net mear op syk is nei nije spilers.

1 1/2 kompetysje
Nei oerlis mei de KNVB is beslúten om SDS A2 in 1 1/2 kompetysje ôfwurkje te litten. Sy moatte dan tsjin elke tsjinstanner 3 kear wêrtroch sy wat faker fuotbalje kinne. Dit betekent dat it programma wat oars wurden is en dat dit net altiten op de webside fan de KNVB werom te finen is. SDS A2 moat kommende sneon om 12.15 oere thús tsjin ONS/Top ’63 A3.

Ferslach SDS 1
Op www.topamateurvoetbal.nl stiet ek wer in ferslach fan SDS 1 – Oranje Nassau Grins. Klik hjir om it te lêzen.

Skerp wêze!
De A-Junioren stean klear om it fjild op te gean. Klaas de Haan ropt: skerp begjinne mannen!
We rinne it fjild op, sille begjinne. Mar wêr is klaas ús grinsrjochter?
Oan de ferkearde kant by de gasthearen.  Ek harren flaggenist wie yn´e war, hy stie ek oan de ferkearde kant.
Wat soe Klaas bedoele mei skerp begjinne?

Ferslach SDS A1
SDS A1 gie sneon krekt ûnderút tsjin Udiros. Klik
hjir om it ferslach fan Marco Hoekstra te lêzen.

Net folle futsal
Sawol SDS 1 as 2 binne fan ‘e wike frij fan it sealfuotbaljen. SDS 3 moat al los. Sy spylje woansdeitejûn om 20.00 oere thús tsjin Haskerland 7.

Eigen mobyl sitplak
De measte tsjinstanners fan SDS hawwe op harren sportpark wierskynlik tribunes.  Willem Agema en Gelf Eringa hawwe lykwols harren eigen sitplak. In mobile ek noch wol. Yn it skoft wurdt harren sitplak efkes oan de kant set.


De broer fan..
Snein stelden de kwismasters in fraach oer de broer fan Shota Arveladze. Bysûnder aardich binne de antwurden dy’t wy krigen hawwe. Wij komme dêr dizze wike op werom.

Spitich
It beste fuotbalblêd fan Nederlân, de Johan, is failliet. Klik hjir om mei te gûlen. 

De Treffer
It is hast wer kopijdatum. Dus at jim noch wat hawwe foar de kommende Treffer dan moat it hurd. Moarn kin it noch maild wurde nei
info@vv-sds.nl