Wepperkes -moandei-

Marten Sijszeling toernooi
4 september 2005
SDS League dizze wike ynleverje!
5 september 2005

SDS A2
Trainer Marco Hoekstra hat syn keuze makke yn wat foar spilers der dit jier yn SDS A2 fuotbalje sille. Sjoch by “Junioren“, “SDS A2“.

Jumbotranfer
hspace=0
Ids de Boer, spiler fan B1 hat in opmerkelike transfer makke. In Jumbo-transfer. Omdat Ids de fakken fullen giet bij Jumbo en omdat soks op sneontemoarn dien wurde moat en omdat B1 op sneontemoarn fuotballet, hat hij de stap makke fan SDS B1 nei A2.

Bekerje
SDS Veteranen sille tiisdei de bekerwedstryd spylje yn Easterein. Wolle jim witte hoe’t Stoffel út de doarpsfeesten fan Hartwert kommen is, at Ype en Tjeerd nei in famyljefekânsje noch wol troch ien klaaikeamerdoar kinne, gat Piet tiid hat om efkes net efter boeven oan te sitten en at Ids Boersma wer 11 spilers fan 35 jier en âlder fûn hat, dan kinne jim om 18.45 yn Easterein  sjen.

Oefenje
SDS A1 en SDS 3 sille tongersdeitejûn om 18.45 oere tsjin elkoar oefenje yn Easterein.

Nije spiler
SDS 3 is drok oan it ûnderhanneljen mei in spiler fan SDS 2. It soe kinne dat hy tongersdei syn debút makket yn de oefenwedstriid tsjin SDS A1. By de Jumbo hawwe wy hjoed heard dat it wat de spiler betreft allegear net troch giet.

Bekerje
SDS 2 bekert tiisdeitejûn om 18.45 oere thús tsjin QVC 2. Kom allegear!

Foto’s
Ek dit wykein binne der wer foto’s makke fan meardere jeugdspilers. It is de muoite wurdich om efkes om te sjen bij de junioren en lear sa de jeugdleden kennen.

Ferslach SDS 1 – HZVV
Klik
hjir om it ferslach te lêzen op www.topamateurvoetbal.nl fan de wedstriid tusken SDS 1 en HZVV. Dit ferslach stie op www.voetbalopzaterdag.nl :
SDS – HZVV 0-5 (0-2)
Na een uur spel was de pijp leeg aan SDS kant. Daarna liep HZVV geflatteerd uit naar 0-5. SDS creëerde bijna geen kansen en leed veel balverlies. HZVV speelde ook nog niet groots maar werd gesteund door een vroege openingstreffer van Ali Farhad. HZVV oogde fitter dan de condtionele zwakkere Friezen
Doelpunten: 5. Ali Farhad 0-1, 33. Raemon Knol 0-2, 77. Ali Farhad 0-3, 85. Joost Bekhuis 0-4, 89. Joost Bekhuis 0-5.

SDS A1 ferliest twadde bekerwedstriid ek
Nijland wie iets better en wûn terjochte mei 2-3. Nei in 0-1 efterstân waarden we efkes feller en setten wy de efterstân om yn in reststân fan 2-1.
De twadde helte wie slap mei in soad balferlies. Nijland koe hjir fan profiteare en learde ús in les yn effectief fuotbaljen. Typisch in Nijlander oerwinning, op resultaat spylje is en bliuwt in keunst!
Goals waarden makke troch Paul en Ralph
Fuotbaljend boeke we lichte progressie. Fysiek kin it nog folle better, we ferlieze tefolle duels.
Feiko moast keatse, Jelmer is blesseard (hie de kissies fan´t leger net ynrûn), Redmer en Douwe moasten ek keatse mar hja joegen de foarkar oan it fuotbaljen!
Kûbaard (Johannes en Arjen) hiene doarpsfeest, sy melden sich op´t allerlêste momint ôf.
Arjen kaam dochs nog en Johannes bleaun op it keatsfjild.
Al mei al troch ferskate omstannichheden in net al te beste tarieding.
Fan ‘e wike der wer tsjinoan mei op tiisdei de lêste bekerwedstriid út tsjin Makkum en op tongersdei noch in oefenwedstriid tsjin it tredde. Wy rekkenje derop dat we
fan´e wike eindliks compleet binne.
Klaas en Marco



Letter mear!