Wepperkes -moandei-

Rein -wepperkes-
31 juli 2005
Beker-yndielingen
1 augustus 2005

Flink oan de bak
It 1e sealteam fan SDS spilet syn earste kompetysjewedstriid út tsjin Exstador. SDS 1 kin dan flink oan de bak. Foarich seizoen ferlear SDS yn Harns mei 7-3 en hie neat yn te bringen. It docht no bliken dat Exstador in nije trainer hat yn de persoan fan Jeffrey Snel(hjirfoar Avanti). Dizze trainer hat der nocht yn en is foarige wike al mei syn seleksje begûn te trainen(?!). Michel van der Ploeg is werom by Exstador nei 2 jier by Avanti fuotballe te hawwen.

Bekerje
Ek de feteranen fan SDS sille wer meidwaan oan de beker. Opfallend is wol dat de KNVB side oanjout dat SDS tsjin Heech moat. Dat is opfallend omdat ek ferline jier dizze wedstryd op it programma stie. Doe ferlear SDS nei it nimmen fan strafskoppen. Wannear de wedstryd krekt is en wêr dat is noch net dúdlik.

Olie B. Bommel
Tiisdei 9 augustus is der in nijsgjirrich barren yn de haven fan Wommels. Neffens it
berjocht sil Piter de Groot dan in ferhaal foarlêze fan dizze stripheld. It begjint om kertier foar njoggenen jûns en duorret oan ’t ûngefear healwei tsienen. De tagong is fergees.

Ynfallerslist
Binne der foar in sneon te min spilers beskikber, dan is der foar lieders altiten in mooglikheid om in berop te dwaan op in spiler dy’t op de reservelist stiet. Grutte kâns dat dat dan in Klaas opdrave moat, want der binne 4 Klasen dy’t dêr op steane: Malda, Okkema, Sixma en Visser.

SDS 55
At je fia de KNVB-side SDS opsykje dan sjogge je altiten dat er noch in SDS ploech is. Yn de 3de klasse A fan distrikt East stiet SDS 55 út Wekerom. Wij wiene wol benijd hoe se dit jier harren jubileum fieren gean, want op 1 oktober besteane sij 50 jier. Helaas, dizze klup hat noch gjin eigen thússide. Logysk dat je dan ek yn de tredde klasse hingjen bliuwe.

Nije trainer
It hat efkes duorre foardat wij efter de namme fan de nije trainer fan Nijlân komme koene. Voetbalnoord wit no te melden dat it Teun van der Veen út Ljouwert wurden. Hij wie earder trainer fan Franeker en Friesland.

Blompot
De 42-jierige Wommelser dy ’t yn Grou in blompot op ‘e kop krige hat foar nogal wat konsternaasje soarge. Klik hjir foar de reaksjes fan Telegraaf-lêzers op it berjocht.

Geef ‘m de 5!!
Foar Piet Kempe sit de fakansje der wer op. It kin dus wêze at jim him treffe oan ‘e kant fan ‘e dyk. Ik bin him fan ‘e wike al troffen(klik hjir).