Wepperkes -moandei-

De wetterrotten fan B1
5 juni 2005
Wepperkes -tiisdei-
7 juni 2005

Net nei Emmeloord
Efkes like it der op dat SDS takem jier ek nei Emmeloord moast. Lykwols Flevo Boys is promofeard nei de haadklasse. Grutte kâns dat Dronten no allinne oer bliuwt yn de polder.

Krânsenklassemint
Mei 5 krânsen oan de muorre kin men him melde by ús. Oant no ta liket de famylje Tiemersma (sis mar Martina en Albert) ûnbedrige oan de kop te bliuwen. Se hawwe no 6.

Midsimmer toernooi
Kommende sneon is yn Dronryp it midsimmertoernooi. It begjin dêr om goed 11 oere en de yndieling is sa’t it hjir ûnder stiet. Dudlik is dat SDS in drege poule hat.

Races
Wêr de iene webmaster de snerpende gitaren en heavy lûden opnommen hat yn Burgum, is de oare nei it race-sirkuit yn Zandvoort west om te sjen nei flitsende racen fan……

lisfytsen, bananen, raketten en tandems

Mei 70 kilometer per oere troch de Tarzanbocht….

Keatsútslaggen
Ek dit wykein binne der wer ferskate keatsers út Wommels en Easterein fuort west te slaan. De priiswinners fan Easterein fine jim hjir en dy fan Wommels hjir

Mear nijs? Mail it nei aanthofstra@planet.nl