Wepperkes -moandei-

SDS nijs
2 januari 2005
Helpaksje foar Asie
4 januari 2005

Nije trainer SDS
Ek by Cambuur op de webside is no te lêzen dat ien fan hun trainers fuort giet. Jimme kinne dêr lêze dat Marcel Frankena der wol nocht oan hat by SDS te kommen. Sjoch
hjir foar it hiele artikel.

36e!
Wy krigen in tip fan Rene Velzen. Hy hie útsocht dat wy snein mei 1143(!!) besikers op de webside juster op it 36e plak stienen fan alle websides oer fuotbaljen. Dit fûn Rene net gek. Ek wy binne hjir tige wiis mei. Klik
hjir en jimme kinne sjen hoe heech as wy juster eindige binne.

Gjin bosloop!

Sneon 8 janewaris giet de bosloop fan de B-seleksje helaas net troch. Der binne noch al wat jongens  dy ‘t dat wykein fuort binne.

Wol in trimloop!

Dêrom sneon wol in  oanpaste  trimloop foar wa ’t  wol  en kin. Alle spilers fan  2e  3e  4e  en 5e alvetal binne wolkom. De start is om 13.00 oere by de kantine fan ’e  Skoalleseize. Der kinne ferskillende rûntsjes draaft wurde(Pôle-Skrok-Ald-dyk en sa).

Nei ôfrin is der nei in waarme douche snert en sûkelade molke foar eltsenien.Wa ’t dan nei de nijjierssit wol, is fuort te plak. Om it trochgean te litten moat der minimaal 20 dielnimmers weze.
Opjaan moat foar tongersdei 6jan by Klaas Okkema till  332221.

Jou dit berrjocht dan ek safolle mogelijk troch. Meielkoar it nije jier sportyf  begjinne liket my wol aardich ta.

O, ja dy t net mear fuotballet [bestjoer frijwilligers, opropwrotters en sa]  kinne harren ek opjaan.


Oan’t sneon  Klaas.


Midwintercup 2005
Tiisdeitejûn moat it fjildteam fan SDS los foar de foarronde yn de Midwintercup. Sy spylje yn Workum. It begjint dêr om 18.45 oere.
Dit is hun poule:
Workum 2
Res 1
Balk 1
Lemmer Bentex 1
SDS 2
FFS 1

Woansdeitejûn spilet it 1e sealteam fan SDS yn Easterein hun foarronde. Sy moatte tsjin dizze ploegen.
SDS 1
DWP 1
Oudehaske 1
Res 2
Oeverzwaluwen 1
Mulier
Ek woansdei begjint it om 18.45 oere. SDS moat dan lyk tsjin Mulier.

Klik
hjir foar it wedstriidprogramma fan sawol SDS 1 as 2.