Wepperkes (moandei)

Stefans ekslusieve ferslach oer earste aai!
4 april 2004
Programma SDS dizze wike
5 april 2004

Nije foto’s
Ûnder junioren kinne jimme by SDS A1 foto’s sjen fan de wedstriid fan SDS A1 fan ôfrûne sneon tsjin Zeerobben. Ús fotograaf út Dordrecht, Ron Jansen, is spesjaal hjirfoar nei Harns tariden. Tige tank derfoar.

Nije foto’s (2)
By SDS A1 is ek wer in spilersfoto derby kaam. Arjen Posthumus stiet der no ek by. Hawwe jimme noch foto’s fan de jonges dy ûntbrekke mail se dan efkes nei
info@vv-sdsd.nl . Ek by SDS 1 en 2 binne inkelde nije spilersfoto’s der by setten. Wy tankje derfoar www.sabetocht.nl

Tsjin wa moat SDS 2?
Wy witte noch altiten net tsjin wa at SDS 2 moat yn ‘e beker. De oare wedstriden yn bekerronde 5 wurde pas Peaskemoandei spile en de KNVB wit fierder fan neat (wêr, wannear, finalerondes?). Wy probearje fan alles om der efter te kommen. De KNVB maile hat gjin nut. Dizze antwurden krige Durk Okkema fan hun.

Geachte heer okkema,
Deze informatie kunt u verkrijgen bij het KNVB-districtskantoor  in uw
regio. Bijgaand de lijst met de adresgegevens van de KNVB-districten.
Met vriendelijke groet,
Angeline van Vaals
Publieksvoorlichting

Doe fansels lyk maile mei it kantoar yn Hearrefean:

Geachte heer Okkema,
Aangezien wij in principe alleen corresponderen met bestuursleden van de verenigingen, verwijzen wij u door naar de secretaris van uw vereniging.
Met vriendelijke groet,
KNVB district Noord
Afdeling Wedstrijdzaken

Wy binne dus noch neat fierder.

Reaksje SDS-supporter
Foarige wike melden wy noch dat de webmaster de seleksjes bepaalde foar SDS 1 en 2. Wy krigen hjir ien reaksje op fan in besoarchde supporter.

Benne jim daar by SDS nu hemaal gek wurden. Jim gaan toch geen rare fratsen úthalen nu jim op de drempel van de 2de klasse staan kom op man en laat so’n webmeester jim nou de les niet lese saterdag gewoan weer drie punten en dan hewwe jim ok geen geseik meer.
 
In besorgde SDS suporter

Mar goed dat SDS 1 en 2 ôfrûne sneon beide wer 3 punten pakt hawwe.

Ferslach SDS 2
SDS 2 wûn sneon mei gemak fan Workum. Ûnder senioren kinne jimme it ferslach fine by SDS 2 fansels.

Ferslach SDS D1
SDS D1 spile sneon út tsjin Heech. Ûnder junioren kinne jimme it ferslach fine by SDS D1 fansels.

Futsal: Topskore SDS 1
Peter Sybesma is topskoorder wurden by SDS 1 seal. Hy hat der 31 makke yn ‘e kompetysje. Ûnder zaalvoetbal by doelpuntenmakers kinne jimme sjen wa at noch mear skoord hat.

Mear…….?
Yn ‘e rin fan ‘e wike kinne jimme hjir miskien noch mear lêze. At jimme noch wat hawwwe, mail it dan efkes nei 
info@vv-sds.nl