Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
22 december 2007
Krystwepperkes
25 december 2007

Misferstân
Der wie wat in misferstân oer de sealtoernoaien. It is no sa wurden:
29 desimber: Sealtoernoai SDS-senioaren mei A-junioaren.
12 jannewaris: Sealtoernoai A- en B-junioaren.
Foar it sealtoernoai fan 29 desimber wurdt der op rekkene dat yn elts gefal foar SDS 1, 2, 3 en de A-junioaren op alle spilers rekkene. Jou je noch wol efkes op by Durk of Willem.

Krysttoernoai Frentsjer
De fuotballers fan SDS hawwe sneon de earste wedstriden spile op it krysttoernoai fan Frentsjer. Sy dienen it dêr net gek. Fan de 5 wedstriden wûnen sy der 4. Allinnich de earste wedstryd tsjin Meskenbouw(ien fan de favoriten) gie wat sneu ferlern. 1 minút foar tiid stie SDS noch mei 2-1 foar, mar ferlear úteinlik dochs noch mei 3-2.
Twadde Krystdei wurde de rest fan de poulewedstriden spile mei dêrnei de finalewedstriden.

Útslagen krysttoernoai
Foar SDS spilen ôfrûne sneon: Jaap, Jildert, Skelte, Erik, Jacob-Klaas en Tseard. Twadde Krystdei komt Willem hjir noch by. Topskoarder foar SDS is Jildert. Hjir de útslagen fan sneon:
SDS – Meskenbouw 2-3
SDS – Frankena 3-1
SDS – Phone House 1-0
SDS – SMP 4-0
SDS – VVOE 5-1
SDS stiet no 3e yn poule D. De earste 4 geane nei de finales. Klik hjir foar alle standen.

Útslach klaverjassen
It klaverjassen yn de kantine is ôfrûne sneon wûn troch Enno Bruinsma. Der dienen 20 lju mei. Hjir de earste 6:
1. Enno 5121
2. Annie St. 5098
3. Annie Sj. 4938
4. Stoffel 4853
5. Feike 4802
6. Geert D. 4773

Midwintercup
Begjin jannewaris binne de foarrondes fan de Midwintercup ek alwer. De fjildfuotballers moatte op tongersdei 10 jannewaris en de sealfuotballers op freed 11 jannewaris. Beide fuotbalje yn Frentsjer. De finales binne op sneon 12 jannewaris. Letter fan ‘e wike hjir it programma.

Amateurfuotbalspul
It amateurfuotbaljen leit stil, dus ek it amateurvoetbalspel dat spile wurdt troch û.o. Wijd en Zijd en de Franeker Krant. Der dogge net safolle SDS-ers mei, mar dat seit neat oer de kwaliteit. De tuskenstân yn it totaal klassemint yn de regio Snits is sa dat in SDS-er oan de lieding giet.

Underskept
sc Hearrenfean is op syk nei in nije trainer. In klup dy ’t fansels tige populair is. Hoe’t it kin sizze wij net (wij hawwe ek ús geheimen) mar wij krigen in iepen sollitaasjebrief yn hannen fan in gadingmakker. Sjoch hjir