Wepperkes -snein-

Wepperkes -sneon-
22 december 2007
Wepperkes -moandei-
24 december 2007

In snoek…in snoek
At wij earder bij it skoskerinnen of it fierljeppen der op de bealch yn gongen, dan songen ús maten altiten : “in snoek, in snoek, bij Dinges yn de broek”.
Sneon koene je moai ride op iisbanen of ûnder wetter steande lannen. Yn Hollân gyngen meardere minsken troch it iis, want ja dy lju miene mar dat alles kin nei twa kear matige froast.
Yn de buert fan Easterein hiene wij sneon it liet lykwols ek sjonge kind: Der wie in held dy’t sanedich op in feart ride moast. Namme? Geert Snoek Hiemstra.
Gelokkich rûn hij der der gjin skea fan op en koe der bij it kaarten syn ferhaal goed kwyt.

Frentsjer
Wy binne tige benijd wat de fuotballers fan SDS juster yn Frentsjer dien hawwe. Mail it nei
info@vv-sds.nl!

Hoefolle punten hellet sc Hearrenfean?

wa oantal plak op
  punten ranglist
Dirk de Jong 12 3
Bauke de Boer 10 2
Johan Delfsma 10 3
Remco Bervoets 10 3
Gearard Posthumus 9 2
Willem Wijnia 9 3
Roel Sijbesma 9 4
Aant Hofstra 8 4
Pieter Kamstra 8 4
Feike Jorritsma 7 4
Immie Kamstra 7 4
Pieter Wesselius 7 5
Alise de Vries 7 5
Tjerk van der Pol 7 6
Fedde Wiersma 7 6
Habtamu de Hoop 6 6
Bas van der Wey 4 6
Sipke Hiemstra 4 7
Ate F. de Boer 4 7
Johan de Graaf 1 11
Harm A. Dijkstra 1 11
sc Hearrenfean ferliest en dêrtroch binne der al 8 ôffallers.

It gie wol troch
It houtseagjen by Eddy de Boer gie sneon wol troch.  Sipke wie net op ‘e hichte dat it net troch gean soe en helle Ype op. Sadwaande kamen sy dy de ferraste Eddy oan en healwei alven gie it los. Yn de rin fan de middei kaam Durk ek nog helpen….Troch dizze mannen
is der hurd wurke om de houtbult oan de kant te krijen en dat is foar de helt slagge. Helaas slagge dit team der net yn om foar trijen klear te wezen wertroch sy net nei de kantine koene om te klaverjassen. Dit sille se de oare kear goed meitsje. Kommende tongersdei om goed ien oere sil it karwei dien makke wurde, dus wat der een pear kilo kryst iten kwyt reitsje wol kin hjir wol efkes mei switte…
Sipke


Útslach VI-kwis
De VI-logo-kwis wie dit kear tige dreech. Jan-Rinse Blanksma kaam hiel fier, mar wist 7 logo’s net te traceren. Klik
hjir foar alle antwurden.

Derksen (5)
Derksen hie soms ek in domme oertreding dy’t in strafskop tsjin op levere.

Dennis Bergkamp
Spesjaal foar Dirk-Yde Sjaarda Down Under hjir in skitterend filmke fan Dennis Bergkamp(klik
hjir).