Krystwepperkes

Wepperkes -moandei-
24 december 2007
Nei de Kryst wepperkes
26 december 2007

Krysttoernoai Frentsjer
Hawwe jim 2e krystdei jim nocht fan al it iten en drinken dan kinne jim altiten efkes yn Frentsjer sjen. SDS spilet hjir fanôf 9.15. De finales begjinne om in oer as 13.00(14.00?).

Seleksje SDS C1
De folgende spilers fan SDS C1 moatte tongersdei 27 decimber om 13:00 oanwezig wêze yn sporthal de Greidhoeke yn Easterein foar it KNVB-sealtoernoai.
Wietse Fopma
Stefan Visser
Jan (Pannekoek) de Boer
Martin (Suarez) Rienstra
Ayanle (Babel) Reitsma
Marcus (Allback) Brinksma
Eddy (The Eagle) Visser
Graach soene wij ek in soad minsken oan de kant sjen wolle, want de steun hawwe wij wol nedich.
De 1e wedstriid moatte we tsjin it ONS ut Snits mei heechstwierskienlijk us âld ploeggenoat fan ’t Heechhiem.
De 2e wedstriid tsjin LSC C2.
De 3e wedstriid tsjin Black boys C1.
De 4e wedstriid tsjin LSC C3.
De 5e wedstriid tsjin it altiid lestiche Easterlittens.
De jongens moatte der rekkening mei halde at we 1e wurde yn de poule, dat de oare deis frij halden wurde moat, want dan sil de folgende ronde yn Snits plak fine.
Groetnis Dirk

Sealtoernoai Senioaren en de A’s
Sneon 29 desimber: Sealtoernoai SDS-senioaren mei A-junioaren.
Foar it sealtoernoai fan 29 desimber wurdt der op rekkene dat yn elts gefal foar SDS 1, 2, 3 en de A-junioaren op alle spilers rekkene. Jou je noch wol efkes op by
Durk of Willem.

Op it iis

It wie mar in dei winter en de echte leafhawwer socht it iis op. Wij knipten feteraan Tjeerd Dijkstra. Unwennich makke hij syn streekjes mei de dochter.

De A’s net nei Frentsjer
De A’s fan SDS ha ôfrûne sneon 22 december op it krysttoernooi yn de seal de finalerondes helle, mar waarden deryn utskeakele. Alle 4 de poulewedstriiden waarden wun (3-1, 3-0, 3-0 en 3-1). Yn de finales waard jammer genog earst ferlern van JV Boalsert mei 3-1 en yn de 2e finale wedstriid van vv Snits mei 3-2. Dermei waard it toernooi ofsluten op it 3e plak.
gr. Feiko


SDS B1 op meager beset KNVB toernooi

Klaas Pompstra jout berjocht:
Hjoed moast de B1 yn de Greidhoeke it KNVB Krysttoernoai spylje.
Om’t der 2 ploegen ôfsein (net leuk!!) hienen, koenen we mar 2 wedstriden spylje.Lokkich mochten we per wedstriid wat langer spylje.We ferlearen fan LSC 1890 B2 mei 8-2 en wûnen mei 6-4 fan Easterlittens B1.De mannen ha efkes moai balle.Tank oan de supporters foar de steun en Broer Jacob en Ronald as reservespilers. Sneon 29 desimber is der GJIN sealfuotbal foar de B-junioaren.Dat is op sneon 12 jannewaris 2008 mei de A-junioaren!

In minne Kryst
Jan Stenekes hat meiliden mei Mark van Bommel:
It sit Mark ek net mei. Dit bericht stoen krekt op voetbalzone. Lekker de kryst yn Mark!! 
Bayern München wil Marco van Basten aanstellen als opvolger van Ottmar Hitzfeld. Het contract van de huidige coach loopt na dit seizoen af, en naar verluidt zal dit niet worden verlengd. Van Basten is na het EK van 2008 vrij om te gaan en te staan waar hij maar wil. (Der Kicker)

SDS League
Wy hoopje tongersdei mei de nije stân fan de SDS League te kommen.

Sportkwis
Juster heard by de sportkwis fan Holland Sport:
De fraach oan Don Diego Poeder wie of hy ek noch in spiler wist út de seleksje fan Van Basten. Tuerlik wist hy der ien:”eeeeeeuuuuuuuhhhh,….Gelderland………….” Matthijs van Nieuwkerk wie snoad en snapte dat hy bedoelde………..Drenthe.