Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
5 augustus 2007
Programma foarbereiding SDS A1
7 augustus 2007

SDS-ers op de Freule
Dit jier binne der neffens ús mar 4 SDS-ers aktyf op de Freule. Dat is minimaal.
Jort Strikwerda docht it foar Wommels, Ewout de Boer en Jelte Pieter Dijkstra foar Easterein en Ayanle Reitsma foar Itens-Rien.

Oefenje(1)
SDS 1 hat tiisdeitejûn syn earste oefenwedstryd. Sy spylje om 19.00 thús tsjin GAVC.

Wêrom nei Sweden?
Dit wykein is ús dúdlik wurden wêrom Mark Postma op staasje nei Sweden giet yn septimber………….


Earste training!
SDS A1 sil moandei 13 augustus foar it earst wer traine. Moarn kinne jim hjir it oefenprogramma fêst sjen. Koach Marco Hoekstra en leider Klaas de Haan litte alfêst witte dat de A’s in koarte mar heftige foarbereiding op it seizoen ferwachtsje kinne. It is dus ferstannich om alfêst wat oan de kondysje te dwaan!

Foto’s parsekonferinsje
Op de side fan JRF binne no de foto’s te besjen fan de parsekonferinsje fan FC Wommels fan ôfrûne freed(klik hjir).

Nije sponser
Sa ’t jim loftsûnder sjen kinne hawwe wy wer in nije ynternetsponser. Letter mear hjiroer.


Bettere tiden!
Der wienen tiden dat SC Cambuur it better die as SC Heerenveen. No hast net foar te stellen mar it is dochs wier. Hjir spesjaal foar de Cambuursupporters dy ’t noch altiten efter harren klup stean en foar de Heerenveensupporters dy ’t hjir neat fan leauwe hjir wat hichtepunten(klik hjir). Letter fan ‘e wike komt diel 2.

Rhain Davis
Manchester United lei foarige wike de 9-jierrige Rhain Davis fêst nei oanlieding fan dit filmke op You Tube. Ûnbegryplik soenen je sizze. Nei it sjen fan dit filmke net mear(klik hjir).