Wepperkes -snein-

Wepperkes -sneon-
3 augustus 2007
Wepperkes -moandei-
5 augustus 2007

Keatssukses
Ek sneon wie der wer keatssukses foar SDS-ers. It grutste sukses wie der foar de famkes fan Easterein. Sij wûnen de Aldmeijerspartij yn Hitsum, in jonge partij dy’t as tsjinhinger fan de Freule tsjinje moat.
Anke Marije Pompstra, Marije Hiemstra en Jildou Jorritsma krigen de krâns om. Sjoch foar mear ynformaasje op
Kf-Easterein.
Fammen op

Feite de preemje
Feite de Haan mei syn nije partoer (Arie en Tjitte) hellen de finale yn Harns op de haadklassepartij.

Feite mei syn tredde priis op de PC. Mear foto’s op dizze side

Wommels de preemje
Jort Strikwerda makket diel út fan it jongespartoer fan Wommels. Hij keatse him mei syn maten Jehannes Hazenberg en Cees de Boer nei de twadde priis yn Wytmarsum. En dat is mei it each op de Freule seker net in minne saak.

Heech spul
Ien fan de geseltearde spilers fan FC Wommels is Wichard Deinum. Hij is ek koach fan it Eastereinder jongespartoer. Dêr is neat mis mei, útsein it feit wannear Easterein Wommels der ôf slacht. Foar de technykse stêf fan Wommels wie dit in dreech punt.
No’t Easterein Wommels der ôf keatst hat yn Frjentsjer is de fraach fansels at hanthavening yn de seleksje wol in opsje is. Wij besochten de koach te berikken foar kommentaar mar dy wie hjoed op bijskoaling “Positivisme” en de parse foarljochter hie hjoed in seminiarium mei as titel: “Wat in Sinterklaasgedicht al net dwaan kin”.
Prof dr A. Vellenga joech as earste reaksje dat seleksje no wolris in brêge te fier wêze kin.

Parsekonserinsje
Moandei hoopje wij wat mear foto’s sjen litte te kinnen fan de parsekonferinsje fan FC Wommels . 

Skorsing
De want net keurd bij it keatsen dat is hast in dea straf. 5 wedstriden skorsing. De wanten kommissje kin it fansels net helpe. Sij fiere de regels ut. En ja, at in bepaald SDS lid je in pear kear warskoget dan moatte je wol om sizzen jaan. Sjoch
hjir.

Gjin priis
It binne net allegear priiswinnende partoeren fan SDS’ers. Gelokkich, soene wij hast sizze wolle, keatse Skelte, Jaap en Tjalling sa no en dan ek mei. Snein yn Wergea hiene se al wer neat. Dit hie fansels te meitsjen mei de skorsing fan Tsjalling. Wylst Skelte en Jaap oan it keatstrainen wienen siet Tsjalling moai op in terras. Dit koste him ien wedstryd skorsing. Nije wike binne sy wer kompleet.