Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
28 januari 2007
Wepperkes -tiisdei-
29 januari 2007

Futsal: SDS 2 rint út
SDS 2 leit op koers foar de titel. Dit berjocht krigen wy fan Gerard van Asselt:

Fanmidje is de knvb-site wer updaten.
SDS futsal 2 wun fan de wieke mei 5-3 tsjin ENS.
De nummer 2 SC Genemuiden moast woansdei tsjin De Griffioen.Genemuiden is yn de panne hakt.
Sy ferlearen mei 9 – 1!!
Dit betsjut dat it der no wol hiel goed foar stiet foar SDS 2. Mei 1 wedstriid mear, stean wy no 9 punten foar op nummer 2 noch steeds Genemuiden.
It wurd Kampioen kin no toch wol stiekem in bietsje wurde sein…..
Gr. GvA.

Futsal: SDS 1 beker
De futsallers fan SDS 1 dogge it miskien mar matich yn de kompetysje, sy sitte noch wol yn de beker. Folgende wike woansdei spylje sy thús tsjin Futsal Winsum(Grins) 1. Dizze ploech komt út yn de Haadklasse B en stiet op dit momint 4e.

Út Utert!
As alles wat goed gien is dan  is fannacht de seleksje fan SDS 1 út Utert weikaam. Fansels pakten sy net it koartste paad en gienen fia Amsterdam. Wy ferwachtsje dan ek net dat sy betiid thús wienen.
Binne der noch smakelijke anekdotes, mail se nei info@vv-sds.nl!

SDS’ers derop út!
Yn april hawwe wer wat foar ús rubryk “SDS’ers derop út”. Jappie Wijnia en Wichard Deinum sille mei harren froulju op snein 15 april nei Nou Camp om dêr Barcelona fuotbaljen te sjen tsjin Real Mallorca.

Easterein Rocks!
Foar degenen dy ’t net genôch sinten hienen om nei de Vrienden van Amstel Malt te gean, is der fansels altiten noch Easterein Rocks. Dit fynt plak op sneon 10 febrewaris yn Kafé Bergsma. De yntree is €5,-. De foarferkeap is ynmiddels starten.

Sealtrainen jeugd
Ek dizze wike wurdt der wer yn de seal traind troch de jeugd.
DAG TEAM DATUM TIJD TRAINERS
MAANDAG F4/F5 29-jan 16,00UUR ANDRE VINK
MAANDAG F3 29-jan 17,00UUR BAUKE DIJKSTRA
DONDERDAG F1 01-feb 17,00UUR THEO / JURJEN
DONDERDAG F2 01-feb 17,00UUR CHRISTIAN 
VRIJDAG E1 02-feb 17,00UUR DOUWE DURK / RUDI
VRIJDAG E2 02-feb 17,00UUR JELMER DE BOER

Pikefel(7)
Juster krigen wy pikefel by it hearen fan You’ll Never Walk Alone by Celtic nei de wûnen wedstryd tsjin Manchester United. Dit fragmint is miskien noch wol yndrukwekkender. Hjir wurdt foar de wedstryd tsjin Barcelona You’ll Never Walk Alone songen foar de slachtoffers fan de treinramp yn Madrid. Gean der mar efkes foar sitten(klik hjir).

Letter mear!