Wepperkes -snein-

Wepperkes -sneon-
27 januari 2007
Wepperkes -moandei-
29 januari 2007

Futsalle
Sneontejûn wie der in futsaltoernooi foar de senioren fan SDS. Sa’n futsal toernooi is net echt populair bij al dy senioren fan SDS, want neffens organisator moasten de A’s ús “út de stront helje”, omdat sij hast foltallich oanwêzich wiene, sadat er dochs noch 6 ploechjes wiene.
Sa’n jûn fiert elkenien syn eigen wedstrydsje. Sa as de A-spilers dy’t middeis dik ferlern hiene en no allegear graach winne woene, sa as Jappie, dy’t graach in kear skore woe yn it doel bij Wichard en  sa as Ralph dy’t net ferlieze woe fan Rudy.

Nij talint
Opmerklike oanwêzige op it futsaltoernooi wie Jacob Plantinga. Blesseard rekke fuort nei it toernooi op Skylge en samar ynienen wie hij der wer. Hij stie yn it doel. En hoe. Hij waard de hiele jûn mar twa kear passeard.

Utslaggen
It wie ûnder en boppeoan in spannende oangelegenheid. Ploech 3 hie 2 punten
Ploech 2 hie 2 punten
Ploech 5 hie 4 punten
Ploech 4 hie 10 punten
Ploech 6 hie 10 punten
En de winner wie ploech 1 mei 13 punten:
Jacob P, Jelmer P, Ralph W, Lieuwe vd B en Durk O.
Dizze hearen sitte hjoed oan it gebak.

Earste ljipaai?
Juster wie Remco Bervoets by SDS 3 de “gelokkige” dy ’t it earste “ljipaai” fan 2007 fûn. Hy fûn it tidens de wedstryd fan SDS 3 tsjin QVC yn Starum. It “ljipaai” fûn hy boppe op syn foarholle nei in flinke botsing mei in Starumer……

Sa seach it der ûngefear út.

Sealtrainen jeugd
Ek dizze wike wurdt der wer yn de seal traind troch de jeugd.

DAG TEAM DATUM TIJD TRAINERS
MAANDAG F4/F5 29-jan 16,00UUR ANDRE VINK
MAANDAG F3 29-jan 17,00UUR BAUKE DIJKSTRA
DONDERDAG F1 01-feb 17,00UUR THEO / JURJEN
DONDERDAG F2 01-feb 17,00UUR CHRISTIAN 
VRIJDAG E1 02-feb 17,00UUR DOUWE DURK / RUDI
VRIJDAG E2 02-feb 17,00UUR JELMER DE BOER


Dukaten

Fanôf moarn krije jim dukaten bij it boadskippen dwaan bij Poiesz. Dizze dukaten krije jim bij alle Poiesz festigingen. Je kinne de dukaten sparje foar in bepaalde klup. Yn dit gefal dus SDS. Ynleverje kin yn  Skearnegoutum mar ek yn de kantine bij SDS. Wês der fûl op, want it docht de klup goed. 

Skoalleseize krijt subsydzje
It bestjoer fan de Skoalleseize hat dizze wike bekind makke dat se fan it Oranjefonds 25.000 euro krigen
hawwe foar de bou fan it ferieningsgebou. It hiele berjocht kinne jim sjen bij it nijs fan de Skoalleseize.

Wommels- Easterein
Op dit moment is de dyk tusken Wommels en Easterein in protte yn it nijs. Wetterliedingen dy’t springe bijgelyks. Om ús hoecht it fytspaad net yn it nijs te kommen. Sinleaze fernielerij dy’t foar fannacht 1 oere plakfûn hat.


Wat in goals!!!
De goal fan Arveladze(AZ) juster tsjin Sparta wie fan grutte klasse. De goal fan Wayne Rooney(Manchester United) tsjin Portsmouth moch der ek wêze(klik
hjir).

Pikefel(6)
It “You ‘ll Never Walk Alone” is fansels fan Liverpool. Dochs mei Celtic it ek in bytsje brûke. Hielendal as sy it sa sjonge. Hjir krije je echt pikefel fan. Dit is nei de wûnen wedstryd yn de Champions League tsjin Manchester United(klik
hjir).