Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
25 november 2006
Wepperkes -tiisdei-
28 november 2006

Wa wie dat?
SDS 6 ferlear sneon mei 3-0 fan Oudehaske 5. Neffens Harm-Auke Dijkstra wie de lêste man fan Oudehaske de grutte man. Dizze man hie yn in fier ferline betelle fuotballer west by Go Ahead Eagles, SC Heerenveen en FC Groningen. Wa wit wa ’t dit wie?
Mail it nei
info@vv-sds.nl!

Net folle futsal
Sawol SDS 1 as 2 hoefe fan ‘e wike beide net te futsallen. Allinne SDS 3 moat moarntejûn los tsjin FCL 11 yn Ljouwert om 20.00.

Nije Treffer
Folgende wike komt de nije Treffer wer út. As jimme noch wat hawwe dan wolle wy dat graach foar kommende tongersdei hawwe. Mail jim stikjes nei DeTreffer@vv-sds.nl!

Storing
De webside wie fannemoarn min te berikken. Hoe ’t dit kin is ús in riedsel. Hooplik sil dit yn de takomst net mear foarkomme.

Pieter Tjerkstra
Ferline wike pleatsten wij de spilerskaart fan Pieter Tjerkstra. Wij fregen ús ôf hoe’t it siet mei Pieter syn fuotbalkwaliteiten en syn plak yn it alvetal. Wij krigen ien reaksje binnen:
Ik wit seker dat Pyt in wedstriid as 3 keept hat yn A1. It wie doe net sa’n succes wit ik noch wol. Freddy

Noflike sfear
It wie sneon fansels wat behelpen. Allinne SDS 3 wie middeis aktyf yn Easterein. De wedstryd fan SDS 3 wie leuk om te sjen en wij krije no ek it berjocht binnen dat it “freselik gesellich wie yn de kantine. Dit kaam foaral fan it barpersoneel: Tjipke Klaas en Durk Yde. Jan Spar en Fred wiene bliid dat it tredde troch gie!!”

Gjin lid mear.
Wy krije der de lêste tiid eins allinne mar mear leden by. Foarige wike hawwe wy ien lid útswaaie moatten. Jehannes Dotinga fan SDS 6 hat him ôfmelden as lid fan SDS.


Prachtich optreden

 

Ferline wike pleatsten wij it berjocht dat yn bar Jimbar sneintemiddei in optreden wie fan
de sjonger Gerrit Breteler. It waard in skitterend optreden wêr  it liet “Op een dag drink je geen Grolsch meer” folop meisongen waard mei in Heineken bierke yn de hân. Breteler hat tasein dat hij begjin jannewaris wer nei Wommels komme sil, at wij der foarsoargje dat hij op nr ien, twa of trije   fan de Top100 bij Omrop Fryslân komt. Dêrom ús oprop: stim op him.

Net it jier fan PvP
PvP makket wol hiele hektyske wiken mei. Earst hat er twa kear rûzje mei in taksi, wêtroch hij wat hanikapt is en no krije wij fan ús korrespondint út Parma troch dat hij ek dêr in klapke oprûn hat. It wie in misferstân mar de klap kaam wol oan. Pieter Lieuwe oerwaget no de ein fan it jier efter de geraniums sitten te gean.

Winne!!
De ienige kâns dat Jan en Sjoerd op 1 jannewaris de liftwedstryd winne sille is wol dizze(klik hjir).