Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
27 november 2006
SDS League: 2 wykpriiswinners!
28 november 2006

Midwintercup 2007
Ôfrûne freed is foar de futsalwedstryd Avanti-FCL de lotting west foar de foarrondes fan de Midwintercup 2007. Dizze foarrondes wurde spile op 3,4 en 5 jannewaris yn de Trije yn Frentsjer en yn “Sportstad” Heerenveen. Klik hjir foar de hiele lotting.
Dit rolle der foar SDS út de bus:

Poule 3   Poule 21
Balk fut. SDS za
Dokkum VIOD
Marrum Aengwirden
SDS fut. Black Boys
Be Quick D AVC
Donkerbroek    

Eddy Bosman
Dy efterste man fan Oudehaske 5 wie fansels Eddy Bosman. Hy spile yn de jieren 70 en 80 foar Go Ahead Eagles, SC Heerenveen en FC Groningen.
De measte minsken dy ’t ús mailden hienen it goed:
*ik tink fan eddie bosman.
hij jout cursus op it cios ien heerenveen foar tc 2 en 3.
groetnis dirk
*Hoi, It antwurd is eddy bosman.
Freddie
*Hoi, Dat moat Eddy Bosma wêze.
Groetnis, Aant
*Dat wie waarschijnlijk Molle Eyer
Ties Bruinsma
*Neffens myn collega (bestjoerslid technische saken, lieder fan B2 en ferline jier noch medespiler fan de persoan yn kwestie by Oudehaske) kin it net oars as dat it Eddy Bosman is.
Groetnis, Marco

SDS League
Ôfrûne wykein wienen der net in soad punten te ferkrijen yn de SDS League. Of it moast al wêze dat je spilers as Bruins(EXC), Kolk(ADO) en Bobson(WII) al yn de foarhoede fan je team hawwe. Jûn kinne jim de nije stân besjen.

Bliid
It wie ôfrûne sneon wol dúdlik wa’t it meast wiis wie mei de komst fan Sinterklaas.

Há, eindliks wer ris in boat!!!!!!!!!!

Frij!!
De A-seleksje wie sneon frij fan it fuotbaljen. Sy koenen it der it wykein dus efkes goed fan nimme. Skelte gie mei syn maten nei Jirnsum. Dizze foto krigen wy fan in maat fan him(klik hjir).

The Best!
Ôfrûne sneon wie it in jier lyn dat George Best ferstoar. Klik hjir om te sjen wêrom ’t hy noch altiten sa populêr is yn Noard-Ierlân.