Wepperkes -snein-

Wepperkes -sneon-
25 november 2006
Wepperkes -moandei-
27 november 2006

De Bunnikside
Sa’t jim witte stean bij alle thúswedstriden fan SDS 1 in oantal troue supporters op it selde plak neist it doel. Oer it algemien binne it allegear Wommelsers, mar dat is tafal dêr moatte jim fierders neat fan tinke. Ofrûne sneon die bliken dat der ien man ek graach op de Bunnikside stean wol mar dat net kin. Hij is lieder fan SDS 1 en moat de trainer bijstean.
No’t SDS 1 frij hie en alle belangstelling útgie nei SDS 3 seach hij dan ek syn kâns. Anne Brouwer keas plak op de Bunnikside en seach dêr de wedstryd sûnder de hurde kearn.
 
Of is Anne him oan it orientearen ?

Spanning

SDS 3 soarge foar in goed alternatyf op dizze sneontemiddei. Sij lieten it publyk lang yn spanning.

Haadsponsor webside
Sûnt inkele wiken hawwe wy in haadsponsor op dizze webside; Fotopersburo JRF. Wat dit bedriuw allegear docht kinne jim hjir lêze.

Skiedsrjochter

Friso Albada hat syn fuotbalkarriere wol sa’n bytsje ôfsluten, mar syn skiedsrjochterskarriere is begong. Sneon hold hij it goed koart en hij moast sels wat giele kaarten útdielen. En famylje ûntsjocht hij dan net.

Nij oansjen

Wij binne fansels bliid dat Appie wer hielendal werom is oan de sydline. Hij hat sels in hiel nij oansjen krigen. Coup d”Appie.

Sealtraine
Dizze jeugd moat fan ‘e wike yn de seal traine:

MAANDAG F3 27-nov 17,00UUR BAUKE DIJKSTRA
DONDERDAG F1 30-dec 17,00UUR THEO / JURJEN
DONDERDAG F2 30-dec 17,00UUR CHRISTIAN 
VRIJDAG E1 1-dec 17,00UUR DOUWE DURK / RUDI
VRIJDAG E2 1-dec 17,00UUR JELMER DE BOER

Wûn
Wij wiene fansels hiel benijd hoe’t de oerwinning (?) fan SDS 6 ta stân kommen is. Mar op de side fan Oudehaske lêze wij hiel wat oars. SDS 6 hat ferlern mei 3-0.

Wer yn it lân
Hij is der wer: Sinterklaas. Mei syn Piten is hij juster oankommen. Spitich dat Sinterklaas gjin fuotbalfreon is, want wij hawwe him wol wat mist op de Skoalleseize. Der wie wol ien mei in Sinterklaze burd, mar dat wie him net!
Wienen jim wol bij it fuotbaljen nei it meitsjen fan in drege kar, dan hawwe jim gelok. De yntocht fan Sinterklaas yn Wommels kinne jim
hjir sjen en de yntocht yn Easterein hjir. Mei tank oan Jaring en Henk.

Hawwe jim noch wat leuks te melden dan heare wij it graach. Maile kin nei dit adres.