Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
2 september 2007
De nije SDS League!!
3 september 2007

SDS League
Jûn komt it dielnimmersformulier foar de nije SDS League op de webside te stean. Jim hawwe oan ’t folgende wike sneon de tiid om in team gear te stallen. Wy begjinne namelijk lyk op 15 septimber te tellen. Hjir kinne jim alfêst de spulrigels fine(klik
hjir).

Traine
SDS 1 soe moarntejûn oefenje tsjin Cambuur A1. Dizze wedstryd giet net troch. Der wurdt moarn gewoan traind om 19.30.

Zeerobben 1 – SDS 1
Op de webside fan Zeerobben stiet in ferslach en in oantal moaie aksjefoto’s fan de wedstryd fan ôfrûne sneon. Sjoch
hjir.

C1 woansdei yn aksje
De wedstryd DWP C1 en SDS C1 wurdt kommende woansdei om 18.45 spile yn De Wite Peal sis mar Sint Jehannesgea.

Programma SDS futsal 1
It folledige programma fan SDS futsal 1 hawwe wy fannacht útplúze. Klik hjir om it te besjen en yn de aginda te setten.

Wieringermeer?
Kommende sneon spilet SDS syn earste thúswedstryd tsjin, de grutte ûnbekende yn de 2e Klasse-K, Wieringermeer. Ôfrûne sneon spilen ek sy harren earste kompetysjewedstryd. Sy wûnen mei 2-1 fan ’t Fean ’58. It liket derop dat mei nammen de spitsen fan Wieringermeer aardich gefaarlik binne(klik
hjir).

Ôflast
Sawol de wedstryd tsuken SDS C1 tsjin EBC/Delfstrahúzen as SDS F1 tsjin JVC Nijlân 2000 gean kommende sneon net troch. De reden is ús net bekend.

FDS
Soms krije je sneons fragen oer bepaalde klupnammen en wêr’t se weikomme. Sa ek sneon yn Harns. Derom foar Chris en Lolke it goeie antwurd: FDS komt út Havelterberg en spilet yn de 6de klasse.

Foar neat……
De supporters fan Ajax meie foar neat nei de wedstryd fan Ajax yn de earste ronde fan de UEFA-cup om ’t Ajax de Champions League net helle hat. Net alle Ajax-supporters nimme hjir genoegen mei…

Wannear soenen sy yn Rotterdam wer betelje moatte??

Hawwe jim nijs of wolle jim oars wat kwyt, mail it nei
dit adres.