Wepperkes -moandei-

Wepperkes -sneon-
9 juni 2007
Ideeën foar Heitedei!
12 juni 2007

Midsimmercup
SDS kaam oan ’t de 8e finales op de Midsimmercup. Sneek wûn it by de mannen. Drachtster Boys by de frouen. Klik
hjir foar it ferslach yn it Frysk Deiblêd.

Nije Treffer
De lêste Treffer fan it ôfrûne seizoen hat in bytse fertraging oprûn. As it goed is falt der yn de rin fan de wike by jim troch de bus.

Yndieling 2e Klasse K
Waterpoort Boys kaam it wykein mei de yndieling foar de 2e-Klasse K foar kommend seizoen. Op ‘ e nei allinnich mar Fryske ploegen yn dizze klasse:
Balk
BCV
Broekster Boys
Buitenpost
Heerenveense Boys
Oeverzwaluwen
SDS
t Fean ’58
Trynwâldster Boys
Waterpoort Boys
Wykels Hallum
Zeerobben

Iepen WK
Hoe liket it? Binne der ek noch minsken dy ’t nocht hawwe om moarntejûn efkes in boltsje te traapjen op de Terp? Of is it te waarm? Mail nei
info@vv-sds.nl!

(âld-)SDS’ers yn de prizen
By it horeka-keatsen yn Winsum juster foelen noch aardich wat (âld-)SDS’ers yn de prizen. Dit wie de opbringst neffens in sobere Bote:
In de A-klasse wonnen Floris, Tsjipke en Hampie de krans.
In de B-Klasse wonnen Wesley Hoitinga, Wybren Jorritsma en invaller Kees Sytsma de krans.
2de was Dennis Dijkstra, Jan Stenekes en Sjoerd van Beem. 
1ste in verliezers waren Anne Hijma, Ydo Harkema en Bote Strikwerda. 
Misschien dat er nog enkele mensen van SDS een prijs hadden, maar dat weet ik niet meer (bier)


Nuvere hobby
Wy wiasten al dat keepers nuvere houtsjes binne. Net allinnich yn it fjild mar ek dêr bûten. Wy seagen op Marktplaats no ek sa ’n nuvere adfertinsje dat wy der net mear fan opsjogge dat dit fan in âld-keeper út Easterein wêze moat. Is it Marco Hoekstra of Marco Reijhoudt??(klik
hjir).

Messidona
Wy krigen wer in aardige tip fan Jildert Hylkema.
Lionel Messi begiet hieltiten mear op Diego Maradona te lykjen. Makke der in pear wiken ferlyn noch in skitterende goal troch fanof de middenline te soleren, no makke hy in goal mei de han. Wy hoopje dat it hjir by bliuwt. Hjir it doelpunt mei de han fan ofrune sneon fan Messi(klik
hjir).

De K(l)os
No is de oare fan de 2 webmasters mei fakansje dus ik bin fanôf hjoed wer de K(l)os.

Nijs?
Ik bin in wike fan de pôle west, dus foar my is alles nijs. Mail it nei info@vv-sds.nl!
 
Moarn mear!