Wepperkes -sneon-

Wepperkes – freed –
7 juni 2007
Wepperkes -moandei-
10 juni 2007

SDS nei achtste finale
SDS is hjoed aktyf yn Dronryp. Sy hawwe wol de folgende ronde helle mei 9 punten yn de poule.
Yn de achtste finale fuotballet SDS tsjin Marrum fjild.
Wij hawwe fernommen dat se dêr ferlern hawwe. 1-2 skynt de einstân te wêzen. Wij hoopje letter op wat mear ynformaasje.

Hichtepunt
Wij binne bliid mei reaksjes op de poll wat SDS-ers it hichtepunt fan de klup fine. Sipke Hiemstra jout dit oan:
SDS , 60 jier nei oprjochting stiet der een stabile klup, dy sawol by de jeugd as by de senioren takomst hat. In klup dy’t rûnom yn Fryslân (en ek der bûten) bekind is en der ek een protte respekt hat.
Yn kombinaasje mei it tige goede ûnderhald fan de fjilden en straks it nije ferieningsgebou is SDS een klup wer alle leden, frijwilligers en oare betrokkenen tige grutsk op weze kinne. Dat fyn ik een hichtepunt.

De poll
Wolle jim noch oer in hichtepunt stimme, dan kin dat
hjir noch.

Utnoeging
Jim wurde allegear útnoege troch Bote Strikwerda om snein bij it horekakeatsen te sjen. Der stean moai wat (âld)SDS-ers op de list sadat je it altyd wol efkes oer it fuotbal ha kinne.
fan de partij binne ûnder oaren: Gert Jan Hiemstra, Floris Hiemstra, Hampie Dijkstra, Jacob Sjirk Joustra, Hendrik Kuiper, Anne Stenekes, Marco Hoekstra, Christian Hoekstra, Sjoerd Rispens, Jan Stenekes, Dennis Dijkstra, Sjoerd van Beem, Skelte Anema, Bote Strikwerda, Jacob Tijmersma, Ydo Harkema.

Erik wint ek sûnder Dirk Yde
De earste klassers fan it keatsen wiene hjoed aktyf yn Lollum. Sukses wie der al wer foar Erik Haitsma. Dizze kear sûnder syn fêste maat Dirk Yde, want dy is dwaande mei tarissingen op syn reis nei de oare kant fan de wrâld. Yn de finale waarden de Eastereinder Gerrit Flisijn en de Wommelser Jacob Klaas ferslein.