Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
18 september 2006
SDS League: AAS pakt de wykpriis!
20 september 2006

Tip
Jûn om 22.00 op BBC 1: Footballs Dirty Secrets.

Futsal: SDS 1 op it lêst ûnderút
SDS 1 hat justerjûn mei 4-3 ferlen fan Old Forward. By SDS makke Jehannes Tichelman syn debút yn de seal. Anne en Willem wienen der net wêrtroch der mar ien wissel wie.
Yn Vledder wie it in lykopgeande wedstryd wêr ’t SDS it spul meitsje moast en Old Forward efteroer leunde. De wedstryd gie lyk op al stie Old Forward meast foar. Foar SDS makken Robert, Peter en Feite de doelpunten. Grutte domper wie de 4-3. Yn de lêste minút(lykas foarige wike) waard in fertsjinne punt ferspile troch in nuver dwarrelskot wat per ûngelok yn de goal foel.
Folgende wike spilet SDS 1 yn Easterein foar de beker út(??) tsjin Oeverzwaluwen.

Al 25 doelpunten
Der binne dit seizoen yn de kompetysje 25 doelpunten makke troch de 6 of 5 seniorenalvetallen.
Topskutter is Ype Tiemersma, dy’t yn twa wedstriden 4 kear skoorde foar SDS 5. Opfallend is fansels ek it twadde plakje: Tsjalling Sikma naam de hiele produksje fan SDS foar syn rekken. De komplete list stiet
hjir.

SDS 5 op de foto
Nei in eardere mislearre poging, slagge it sneon wol. In profesjoniele fotograaf fan Foarut, de tsjinstanner, klikte de boel op de foto.
It resultaat mei der wêze. Allinne Stoffel Bouma (hij wie wat letter) en Jacob Plantinga (hij moast haachknippe) wiene der net.

SDS 3 op de foto
Ek bij SDS 3 hiene se it hier aardich yn de pronk sneon. Want de fotograaf kaam ek bij harren lâns. Wolle jim it resultaat sjen, sjoch dan
hjir. Wolle jim it ferslach fan ôfrûne sneon lêze, spesjaal skreaun troch Jappie, sjoch dan hjir.

82 dielnimmers!
Der dogge dit kear 82 minsken mei oan de SDS League. Alle teams binne ynfierd en as alles wat meisit dan stiet de nije stân hjir moarn.

Futsal 2 en 3
Woansdeitejûn om 20.00 oere moat SDS 2 thús spylje tsjin Friesland 1 /Het Broodhuys. Wij binne benijd hoe brún se it bakke.
Ek SDS 3 moat thús spylje. Bolswardia 2 is de tsjinstanner. En dat begjint om 21.00 oere.