Heuken op Skylge

Utslaggen sneon 26 augustus
25 augustus 2006
Wepperkes -moandei-
27 augustus 2006

Dit wykein wiene der twa grutte publykslûkers op Skylge. De band Normaal (bekind fan it hôken) en SDS 5 (bekind fan it heuken) op it feteranen fuotbaltoernooi.


As in soarte mei blaue broeke klup stie de ploech yn Harns te heuken op de boat. It like der wol op dat de froulju de mannen mei in protte genoegen efkes útheukten


Op de boat waarden sinnige dingen dien. Klaas Okkema mocht de meast sukssefolle spitsen opneame fan Feyenoord. Foarheuke mocht net.


De warming up waard op de fyts dien. Eddy de Boer en Klaas Visser krigen útlis oer de fersnellingen en Jacob Plantinga holp Eddy mei de snelbinders, want bij Eddy syn pogingen om de tas der ûnder te krijen wiene it langsumbynders wurden. 


Klaas Kamstra liet sjen dat hij noch in moai poeke balkeare kin en Hendrik Okkema liet sjen dat hij noch moai poekje fuotbalje kin. Hjir heuke se efkes oer de betingsten dy’t se stelle wolle om dit jier wat faker mei te dwaan.


Eddy de Boer kaam ek wer yn aksje op it griene fjild. Hjir heukt hij nei de efterline ta, om dêrnei fia trije heukbewegingen de bal oer de efterline te heuken.


Dit wie de moaiste foarset fan Klaas Visser. Hij heukt de bal nei de twadde peal mei safolle gefoel, dat Hendrik Okkema dy’t lêste man stie de gelegenheid krige om nei de twadde peal te kommen en de bal kreas …..neist te heuken.

 
Dit binne de skuon fan 19.95 euro kocht op de bradery yn Katwijk. Dat wie net djoer!!!


Dat wie dan ek wol te sjen. 2 minuten foar tiid bij in 1-0 efterstân tsjin Minnertsgea mocht SDS in strafskop nimme. Hij heukte de bal wol hiel hurd tsjin de latte oan en krige de weromketsende bal op de foarholle en heukte oer. Ype Clarence dus.

 
De hiele ploech wie oanslein en koe sels tsjin Mulier net mear heuke.


De tredde beker wie foar SDS. Jacob Plantinga dy’t Skylger sokken oanhie noege himsels al fêst út foar takem jier.


En doe wie it echt heuken

 
En it heukte hearlik yn it sintsje


Ype moast noch efkes oer de knibbel bij Jacob. It wie him yn de rêch heukt bij in oerhurde foarset fan Jacob dy’t hij mei in snoekdûk yn heuke soe. De Top fysio metode waard efkes ta past, wêrtroch Ype de tredde, fiifde en sechde helt noch wol meiheuke koe. De fjirde helte heukte hij oer.


De Skylger froulju seagen mei belangstelling nei de prachtige fingerflugge fingers fan Jakob en syn neatûntsjende earmtakke


De bitterballen en oare sneks gyngen der yn as bitterballen en oare sneks.

 
Tjeerd en Marco moasten efkes wat útprate oer in tsjinsteld belang fan it keatsen en it fuotbaljen. Om foar te kommen dat se mei bier begongen te heuken, moasten se it tegearre ûnder de brûs útfjochtsje. Stoffel heukte lekker brûn yn de sinne.

 
Hendrik Bluesbrother heukte der net yn…


En dit seagen se de oare moarn op de doar stean fan harren ferbliuwsromte. Aant moast dêrfoar earst wol de bril opsykje, want at er gjin nei nachtkastkes binne dan is it dreech weromfinen yn de tas mei fuotbal klean.
Wer oaren hawwe it net sjoen want dy koene de eagen net iepen krije of hâlde.

 
En dizze spilers en Aant mochten middeis om 12.30 oere mei de boat mei werom. De oaren net: der wie ynstoartingsgefaar konstateard, der waard gasalarm jûn, wêrtroch ûntploffingsgefaar.
Nei in middei fytsen, omrinne en útwaaie waarden se om 17.00 oere op de boat talitten en wie it heuken dien.

Ta beslút noch wat heukerkes:

  • Heerenveen wûn it toernooi, Minnertsgea waard twadde, SDS tredde, Sc Terschelling fjirde en Mulier fiifde.
  • Wimpie Bakker kaam ek efkes lâns en hast elkenien wol graach efkes mei him prate. Wij bedoele nei him heare.
  • It kompleks op Skylge sjocht er geweldich út mei in kreas keunstgersfjild.
  • Dat je fan in útsmiter ek switte kinne liet Klaas K. sjen. It rûn him moarns bij alles del
  • Akke Hulzinga en Arjen Posthumus wiene de ienige echte supporters 
  • Bij sc Terschelling hawwe se gjin Sibe mar in Karel. Hij is swart en mei ek yn de kantine fleane.
  • Op de weromreis sieten der 500 Normaalfans op de boat mei de groep Normaal sels ek.  De SDS 5 fans binn op it eilân bleaun. 
  • Jacob en Klaas hiene it wer prima regele tegearre. Klasse.