Wepperkes -moandei-

Wa wint Cauberg-Cauberg 2006?
12 augustus 2006
Wepperkes -tiisdei-
14 augustus 2006

Oefenje(1)
SDS 1 sil woansdei syn earste oefenwedstryd hawwe. Sy spylje dan yn Easterlittens tsjin it 1e fan Littens. De wedstryd is fersetten fan tiisdei nei woansdei om tiisdei noch efkes traine te kinnen.

Oefenje(2)
SDS 2 oefent tiisdeitejûn yn Minnertsgea om 19.00 tsjin de pleatselike favorieten.

Net 12 mar 11
Sawol yn de futsalkompetysjes fan SDS 1 as 2 is der in ploech dy ’t him weromlutsen hat foar de start fan de kompetysje. Sy spylje no dus beide yn in kompetysje mei 11 ynstee fan 12 ploegen.

Skuon
It falt ek net mei om de goeie skuon oan te dwaan. Snein wie Feite Yn Boalsert oan it keatsen. Healwei de twadde partij waard er omroppen dat fuotbalskuon net tastien binne op it Oordje. Yn sa’n hasten fljocht Feite it lân ôf om de skuon te ruiljen. No mar hope dat er woansdeitejûn yn Littens de goeie oandocht.

Pain
Spanje dy ’t it fan ’t simmer net best op it WK. Sy lieten dan ek in soad supporters efter dy ’t bot teloarsteld wiene………..


Leuk
Om ’t wy ’t no dochs krekt oer it WK hawwe, is hjir ek noch in leuk filmke fan Freek de Jonge mei Dick Advocaat(klik hjir).

Cauberg-Cauberg 2006
Wa komme op it poadium? Hjir wer inkelde foarspellings:

  Wa?   It poadium:
1 Willem W: 1 Samme Overal
    2 Dirk-Yde Sjaarda
    3 Gerben Bootsma
2 Bote S: 1 Samme Overal 
    2 Dirk-Yde Sjaarda 
    3 Donny Okkema 
3 Wikje K. 1 Anne Stenekes
    2 Peter Sybesma
    3 Gerben Bootsma
4 Wiepkje H. 1 Gerben Bootsma
    2 Peter Sijbesma
    3 Samme Overal
5 Lislekkeropdevitch 1 Wilbert de Boer
    2 Donny Okkema
    3 Dirk Yde Sjaarda
6 Gerard v.A. 1 Samme Overal
    2 Dirk-Yde Sjaarda
    3 Anne Stenekes
Gerard van A. jout ek noch oan dat Marco(High-Tower) Hoekstra foar him de outsider is.
Wikje freget har ôf as der ek noch in pooltsje komt foar wa ’t der lêst wurd.
Wy kinne dat by dizze wol ynfiere as bonusfraach as der net in winner út de bus komt. De fraach wurdt no dus:
Wa komme der op it poadium en wa eindigt as lêste?
Mail it nei info@vv-sds.nl!