Freule wepperkes

Wepperkes -moandei-
6 augustus 2006
Wepperkes -freed-
10 augustus 2006

Oare tinzen
Yn Wommels en Easterein wurdt hjoed net oan fuotbal tocht. It giet hjoed allinne oer it keatsen.
Foar SDS dogge der in oantal keatsers mei goed ferdield oer meardere plakken sadat de kân grutter wurdt dat er oan de ein fan de dei in priiske útrollet.

Earste omloop
Feiko Broersma koe it foar Littens net oprêde tsjin it sterke partoer fan Hartwert. Spitich want Feiko is ien fan de beste keatsers yn dizze kategory mar hat te meitsjen mei it lot fan in goeie keatser yn in lyts doarp.
Germ Siperda fan Lokklum kaam de earste omloop wol troch. Hij wûn mei syn maten fan Burchwert nei in spannende partij op 5-4 6-6
Itens, mei Peter Stuiver, koe neat begjinne tsjin Goingea. Sij ferlearen kânsleas.
Easterein, mei de trije SDS-ers Jelte Pieter, Ewout en Sytze keatsten goed en soarge der foar dat Ferwert fan de list gie.
Wommels, mei Jort Strikwerda en Eeltsje Postma wûn maklik fan Boazum

Ferfolch
Lollum, Wommels en Easterein oerlibben de twadde omloop. Easterein wûn oertsjûgjend yn de tredde omloop fan Sint Anne en Wommels ferlear nei in spannende partij fan Berltsum.
Lollum koe it net oprêde tsjin Goaingea.

Easterein
Us lokwinsken gean út nei it partoer fan Easterein. Sij hawwe in 5de priis wûn. Fan herte Ewout, Sytze en Jelte Pieter en fansels harren koach Wichard Deinum út …..Wommels.