Wepperkes -freed-

Lifterkes -freed-
29 december 2005
Âldjiers-wepperkes
30 december 2005

SDS A1 yn finale
Wy krije berjocht fan Anco Elgersma (en foto’s)dat SDS A1 him pleatst hat foar de finale. Dit betekent dat sy om 16.00 oere wer moatte tsjin de winner fan de middeispoule. Kom dus fanmiddei allegear nei de WZS-hal!
Hjir de útslagen fan SDS A1 fan fannemoarn:
SDS A1 – Scharnegoutum A1  6 – 3
SneekWZS A2 – SDS A1        0 – 1
LSC 1890 A3 – SDS A1          0 – 3
SDS A1 – RES A1                  0 – 1

SDS A1 yn aksje yn Snits tsjin LSC.

Korné Boekholt yn aksje.

SDS yn ’t grien tsjin RES.

SDS A1 alwer yn ’t grien tsjin SneekWZS A2.

Âldjiersbolje
Eltsenien dy ’t nocht hat kin moarn wer fuotbalje yn de sporthal fan Easterein. Eltsenien is wolkom fan 14.00 oan ’t 15.30 oere.

SC Heerenveen
Hooplik wint SC Heerenveen jûn fan Ajax sadat dizze SDS ‘ers ek jûn wer út harren bol gean kinne lykas yn de wedstryd tsjin Levski Sofia.
Photograph
Rudy, Appie en Gearard.
(klik
hjir foar mear foto’s fan dy wedstryd)

Fjoerwurk
No ’t Gert-Jan Hiemstra noch altiten blesseard is kin hy him moai ferdjipje yn it fjoerwurk. Justerjûn wie hy te sjen by Hart van Nederland op SBS 6. Hy kocht fjoerwurk yn Frentsjer. Hooplik sjogge wy fan him yn 2006 ek wer fjoerwurk op it fjild. En dan bedoele wy net dat guod wat hy yn Frentsjer kocht hat……

F pupillen 1990
De foto fan Wybren en syn maten yn 1990 levere al ien goeie oplossing op. Arnold Hoekstra, herkende se allegear gelyk.Tja at je sels diel út meitsje fan dizze super 7, dan moat dat slagje ek al is it al wer 15 jier lyn.

C1 docht mei oan KNVB toernooi
In ploech fan C1 hat juster meidien oan it KNVB toernooi. Klaas Pompstra docht ferslach

Letter hjoed mear

Hawwe jim noch nijs? Mail it nei info@vv-sds.nl!