Lifterkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
28 december 2005
Wepperkes -freed-
29 december 2005

Spesjale cd
De rockgroep The Darkness hat spesjaal foar dizze edysje fan it liften in cd útbrjocht. Dit is him:

“One way ticket to Hell,….and back”

Efkes foarstelle: Tsjeard Hofstra en Niels Postma.
De meast erfaren lifter giet dizze kear mei in debutant de liftstriid oan. Niels Postma út Snits wol ek wolris yn Hel sjen en boppedat hat er yn syn fakkepakket Poalsk (!). Hij is ek in echte reizger want wenne skoftke yn Ingelân, rûn staazje yn Barcelona. Niels is fleurich en goederlaaks mar wat wolle je ek at je yn de Lachende Koe wurkje yn Snits.

Foar Tsjeard is dit mar in reiske. De ôfrûne simmer lifte hij mei Sjoukje Koudenburg fan Uden nei Straatsburg, fan Straatsburg nei Praag, fan Praag nei Oslo en fan Oslo nei Wommels, wylst hij in wike letter mei Gertjan Brandsma nei Portugal lifte en werom nei Wommels.

Dizze twa kommunikaasjestudinten hawwe in strategysk plan opsetten wat se net mei de oaren kommunisearre. Beide binne gek op snelheid en wodka sadat sukses fersekere liket.. Harren favorite nummer is: Highway to Hel fan ACDC.
Foar de goeie oarder: se rinne net altyd un rôse truien.

Lifterke- âld liftnijs
Fan de foarige edysjes binne tige nijsgjirrige reisferslagen makke troch meardere dielnimmers. Jimme kinne dy ferslagen en in protte foto’s fine op de side fan
Jaring Rispens. Ek de reis dy’t Jaring mei Gertjan makke nei Poalen ta wurdt dêr beskreaun.

 

Lifterke – Efkes foarstelle: Bram van Beem en Beitske Kooistra
Wij hawwe it al ris earder sjoen dat 2 debutanten hiel ferrassend presteare kinne. Yn positive en negative sin, foar de goeie oarder.
Bram, de jongere broer fan Sjoerd is Thorbecke studint en hij hat al syn studzjegenoaten efkes op de hichte brocht fan syn foarnimmen. Dizze CDA politikus rekket himsels net ta de favoriten want hij wit dat it CDA nea allinne de macht hawwe kin. Foar in goed resultaat hawwe sij altiten in oare partij nedich. Bram hat dêryn in goeie kar dien, want mei de nr 2 fan de bêste partij fan ierde (de FNP) fan Wymbritseradiel is in prachtich koppel ûntstien. Beitske Koositsra hâldt fan
eehm.. a lovely weather, dancing, shopping, going out, girlfriends, boyfriends.. and my mommie!  Dêr is gjin wurd Frysk bij mar wij begripe it wol.

Se studeart SPH en wennet yn Gau.



Lifterke – de groetnis
Marja Graafsma dy’t al twa kear mei Gertjan Hulzinga lifte lit ús witte dat it kriebelt bij har. Sij hie graach mei wollen mar kin net troch it wurk. Sij sil it no allegear fia dit medium folgje.

 

Lifterke – tip
Poalen komme ús oer it algemien net echt freonlik oer. No is it ek sa dat se hjir meast nachts komme en wer fuortbinne foardat de plysje se oanhâlde kinne.
Om se oan it gnizen te krijen jouwe wij graach in tip. Freegje de Poalen it folgende en wij binne der wis fan dat se laitsje:
Czy w okolicy jest plaza dla nudystow?


Lifterke – de winner neffens Willem?
Neffens my kin der mar ien stel dy liftwedstryd winne op 1 jannewaris. Harren favorite nûmer sil wêze:
Hell ‘aint a bad place to be……………..
……………AC/DC

It hiele liftdossier kinne jim hjir fine.

Hawwe jim noch nijs? Mail it nei info@vv-sds.nl!