Wepperkes -freed-

Seleksjes -sneon-
18 november 2005
Utslaggen 19-11
19 november 2005

Futsal 1 ferliest
SDS 1 is hielendal fan slach. Ek tsjin Leeuwarden ferlearen se de wedstryd. Sels net skoare bruts harren op. De peal reitsje, de latte teisterje it levere gjin doelpunten op. Ek Marcel Frankena dy’t op de tribune siet koe der neat oan feroarje dat it 4-0 waard. En och dat kinne je ek net fan him ferwachtsje fansels, want it bliuwt in Ljouwerter.

Tariede
Foar de dielnimmers is it in spannende tiid. Wat soene se freegje en gean ik net ôf. Sa ek Ype Tiemersma, hij gie twa oeren fan te foaren noch efkes nei Daan om wat VI’s troch te blêderjen yn de hoop dat hij noch in goed antwurd meinimme koe. Doe’t Ype de fraach krige “wa is de trainer fan Easterlittens 1” moast Ype it antwurd skuldich bliuwe.
“tja” rôp Daan, “dat stie net yn de VI Ype”

Tariede (2)
Finalist Lolke Hofstra kin him yn alle stilte tariede. Hij hoech net in foarronde te spyljen. Dochs wie hij tomngersdeitejûn ek oanwêzich om Ype te stypjen. En hij frege nochris efkes dizze of dy “hoe hjit dat Sjineeske spitsje fan F4 ek al wer?” Want de SDS fragen wurde freesd docht dus bliken.

Nije foarsitter
Ald SDS 1 spiler Pier Zijlstra wurdt de nije foarsitter fan de keatsklup yn Wommels. Dit nijs stiet te lêzen op
www.freuledei.nl

Ferklaaiersklean
In jûntsje út om de kwis bij te wenjen, betsjut oer it algemien dat je de wurkklean útdogge en de ferklaaiersklean oandogge. Oan Jeroen en Anne Brouwer koene je lykwols goed sjen wat harren fak is “fervers” Sij wiene nei wurkerstiid wer mei swarte en wite ferve oan it striken west yn de klaaikeamers. It soe sneon wol ris klear wêze kinne. Hulde mannen.

Wommelser en Eastereinder feesten
It is noch fier fuort mar wij hawwe begrepen dat dizze feesten yn 2006 tagelyk binne. Dat fine de echte feestneuzen hielendal net leuk. Op 22, 23 en 24 juny sil it heve.

Bliid
Gert-Jan Hiemstra is noch altiten net yn steat om te boljen troch in blessure. Wy binne bliid dat hy him ûndanks dat noch best fermakket, al sjocht hy hjir al wat treurich.


Lotting Midwinter

Jûn is de lotting fan de Midwinterwedstriden. Wij hoopje gau de yndieling pleatse te kinnen.

Letter mear!