Wepperkes -freed-

De webside bestiet 3 jier!
4 november 2005
Programma/útslaggen 5-11
5 november 2005

Futsal: Ek SDS 2 ûnderút

Woansdeitejun is SDS 2 mei 0 punten ut Heerenveen fuort gien, Heerenveen wie mei 2-1 te sterk foar de ‘Eastereinders’. Nei trije winstpartijen op rij no dus werris in ferlies, al hie dit makkelyk oars kinnen. Heerenveen wie miskien mear oan’e bal, dochs wie it SDS dy’t de kansen kryg fia Skelte en Tseard H. Dizze gongen der net yn en doe foel er oan’e oare kant: 1-0. Dochs kaam SDS wer op lykese hichte troch in goal fan Pieter nei in goeie aksje fan Skelte. Nei rest wie Heerenveen wer mear oan’e bal, mar it wie wer SDS dy’t de kansen kryg. Wer gongen se der net yn, wernei Heerenveen nei in frije traap wol de foarsprong pakke koe. Dizze joechen se ek net mear ut hannen.  
Groetnis DYS

Sukses!!
Beste Friesen,
Fan e wyke sil der hurd wurky matte. beune en batse, dan komst der wol. De tekkel op skerp en delleze die smarge stedsjes! De knop om, resoluut, en in stikje wille der yn verwurky.
hatsie flatsie klats!!!!!
Gaan met die Banaan
Fokke Bikkes


Ferfje
Der wurdt hurd wurke oan de nije boksen. Foarige wike melden wy dat de Brouwers de boksen drok oan ’t ferfjen wienen. Hjirmei dogge wy inkelde oare ferfers wat te koart. Der binne namelijk mear oan ’t wurk. Dit is de hiele list: Watze Zeinstra, Anne Stenekes, Jeroen Brouwer en Anne Brouwer. Super!!

OKdeal
It wurdt de kommende tiid net mear tolereare as je ôfsizze foar trainen as foar in wedstriid om ’t je in putsje yn of om ‘e hûs hawwe. Der is namelijk in webside foar minsken dy ’t rjochts binne en 2 linkerhannen hawwe of gjin tiid hawwe(sa as fuotballers) foar (kloate)putsjes. Klik hjir en bied jim kluskes oan, want der binne genôch klussers dy ’t je der in geunst mei dogge.

Fan herte lokwinske!!
Anne Stenekes is hjoed 27 jier wurden. Wy lokwinskje him en winskje him noch in hiele noflike dei ta. Wa ’t him ek lokwinskje wol kin
hjir klikke.

It falt net mei âld te wurden………..

Bereloop
Dirk Yde Sjaarda lit ús witte dat ek hy en Marten Faber de Bereloop op Skylge drafe sille. Dit mailtsje krigen wy fan him:
Ja, der binne noch twa SDS-ers dy de Berenloop drave. Marten Faber en ik sil der ek oan meidwaan. It wurd Marten syn earste kear en ik sil probearje myn tiid fan foarich jier te ferbetterjen. Ik wit  wol wat der dan barre moat: minder drinke de sneontejun/nacht…. Hé Kamstra, sneon nei de Schotse…??

Tink derom
Het jaar 1981
1. Prins Charles is getrouwd
2. Liverpool wint de Europacup
3. De paus is overleden
Het jaar 2005
1. Prins Charles is getrouwd
2. Liverpool wint de Europacup
3. De paus is overleden 
Indien prins Charles nog eens wil huwen, en Liverpool zit weer in de finale van de Championsleague, wil er dan a.u.b. iemand de paus waarschuwen?

Nijs?
Mail it
ús!!