De webside bestiet 3 jier!

Seleksjes foar sneon.
4 november 2005
Wepperkes -freed-
4 november 2005

De webside is hjoed presys 3 jier yn ‘e loft. Yn ‘e rin fan de jieren hawwe wy hieltiten mear besikers krigen. Dit oantal stijgt noch altiten. It is sels sa dat wy deis mear besikers hawwe as leden(sa ’n 300). Dit binne it oantal besikers yn de earste 3 jier:

  2002 2264
  2003 18247
  2004 84378
  2005 125706
  Totaal 230595

De measte besikers hawwe wy meastentiids op moandei. De minste fansels op sneon want dan is eltsenien te fuotbaljen of hinget nei yn de kantine.

  maandag 16.5 %
  dinsdag 15.2 %
  woensdag 14.2 %
  donderdag 14.0 %
  vrijdag 14.5 %
  zaterdag 11.7 %
  zondag 13.8 %

De measte minsken sjogge jûns tusken 7 en 9 op de side. ’s Nachts bin ik hast de ienige dy ’t wolris op de side sjocht.

De measte besikers hawwe wy hân op 2 jannewaris 2005. Der wienen doe 1143 hits op ús side. Dit hie te meitsjen mei de liftwedstriid.

Ôfrûne oktober wie de moanne mei de measte besikers. Der kamen doe 16254 besikers op de webside. De moannen dat der net fuotballe wurdt(juny en july) binne fansels ek de moannen dat der it minst op de side sjoen wurdt.

  januari 2005 13119
  februari 2005 10186
  maart 2005 12615
  april 2005 14385
  mei 2005 14491
  juni 2005 8845
  juli 2005 8946
  augustus 2005 10788
  september 2005 14514
  oktober 2005 16254


Op dizze webside(klik hjir) kinne jim noch mear sifers fine oer it oantal besikers op de webside. Jim kinne ek it blaue gefaltsje(mei dat reade streepke) rjochtsûnder oanklikke.

Hawwe jim noch tips foar ús of oars wat mail dan nei
info@vv-sds.nl!