Wepperkes -freed-

Seleksjes foar sneon
28 oktober 2005
Programma/útslaggen 29-10
28 oktober 2005

0 punten??
Hat SDS 1 hjoed kâns om punten út Dronten mei te nimmen? Topamateurvoetbal.nl tinkt fan net (klik hjir).

Gaan met die banaan!!
Beste friesen,
sds 1 sil altiid wêze en wurky, de fanen yn e auto sille hingy blieuwe, wat sil wy no belefe?!?  Alderaast, wat een geskreeuw en wat in getier. 2-1 sei ik tsjin sybrander, we ha in pilske helle. Andries wie ek te sprekken oer de Fryske trots “sds 1”,  hei het Klaas de Haan in tût kado joent. Alderaast; Durk Yde, de baltsytoeke, o sa skerpe keunstner, is in
prachtfuotballer. Net benauwd fuar die Hollanders, GAAN MET DIE BANAAN !!!!
Fokke Bikkes


Spytgnyskjend
Wij binne der hast wol wis fan dat der jûn yn alle gefallen ien persoan spytgnyskjend de Arena ferlitten. Want Klaas Okkema, de Feyenoord fan yn ieren en sinnen, seach Ajax al wer net winnen. Hij wie der mei soan Tsjipke hinne.

Geruggie(1)
Remco Bervoets spilet bij SDS 3. Hij hat in oantal fuotbalkwaliteiten mar hat ek in flinke brace om syn knibbel noch wat bijelkoar te halden. No’t er blesseard is wurdt er socht nei in “lookalike” Remco. Justerjûn wie Lolke Hofstra op sicht bij de technyske stêf. Net fanwege syn fuotbalkwaliteiten (dy steane net ter diskusje) mar fanwege de brace. Foar in mindere brace as dy fan Remco wolle se gjin kontrakt ôfslute. De ûnderhannelingen duorren oant fier yn de nacht. It resultaat is ús noch net bekind.

Geruggie(2)
It is fansels net leuk om grappen oer Cambuur te meitsjen, no’t de saak der sa tryst hinne leit. Dochs hawwe wij begrepen dat der ljocht yn dizze tsjustere dagen is. In sakenman is fan doel de hiele boel op te keapjen, it stadion op te knappen, Cambuur op te heffen en it twadde fan sc Heerenveen dêr spylje te litten. Namme fan de sakenman: Riemer

Kwyt
Wie heeft per ongeluk mijn zwarte trainingsjasje meegenomen?
Maat S, zonder SDS-logo. Er staat met pen MV geschreven op het label en in de kraag.
Marcel Veenstra. D1
0515-333060.

Spiler fan ’t jier
Wa wurdt der spiler fan ’t jier by SDS 1? De spilers kinne eltse wike op trainen punten fertsjinje. Klik
hjir foar de tuskenstân.

Fan herte lokwinske!
Juster is Gert-Jan Hiemstra 31 jier wurden. Fan herte lokwinske! Wy hoopje him gau wer op it fjild te sjen.

Beste goal
Fan ‘e wike ferlearen de futsallers fan SDS 1 mei 3-2 troch in wonderlijke goal. Dizze goal is noch opmerkliker(klik
hjir).

Dêrom
Wy krigen in mailtsje fan Tseard Dijkstra mei de reden wêrom hy sneon net fuotbalje kin.
Ik bin lieder fan SDS B1. At SDS 1B thús spylje dan kin ik wol foutballe. SDS 1B spilet dan om 09.00 oere yn Easterein. At se út foutballe moatte, dan is dit faaks gelyk mei de spyltiden fan SDS 4. Fandêr.
In protte sukses moarn en groetnis,
Tjeerd (Tseard yn it Frysk) Dijkstra


Sa heit sa soan
Op 23 juny 1978 wie Bob Dylan yn it stadion fan de meast oansprekkende klup fan Nederlân: de Kuip. Yn de streamende rein wie de doe 24 jierrige webmaster fan SDS
ien fan de 50.000 besikers. (de oare besocht doe hieltyd út de boks te klimmen) . Hjoed 28 oktober is Dylan yn Ahoy ek yn Rotterdam.
Ien fan de gasten, want sa hiet dat tsjintwurdich, is
de no 24 jierrige Tsjeard, soan fan. Mei de famylje Koudenburg út Goaingea en Wybren binne sy in kompleet jûntsje út. Dat hiet tsjintwurdich in arransjemint:

Voor bezoekers die reeds in bezit zijn van een ticket voor een concert of evenement in het Sportpaleis heeft Ahoy’ aantrekkelijke arrangementen voor een ‘compleet avondje uit’. De arrangementen bestaan uit een compleet diner inclusief drankjes (Hollands assortiment), gebruik van garderobe en toilet, een drankje (Hollands assortiment) in Café Ahoy’ na afloop van het concert/evenement en begeleiding door een hostess. In combinatie met een arrangement kunt u ook uw parkeerkaart (indien gewenst) vooraf reserveren.
Dat it gebrûk fan it húske ek yn it arransjemint sit, is in echte tafaller.

Letter mear!