Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
21 juli 2005
Wepperkes -sneon-
23 juli 2005

In oare bril
In nije trainer sjocht alles meastentiids krekt wer efkes troch in oare bril. Wy hawwe heard dat Cambuur al in skoftke oan it trainen is my fokken op en dat SDS op 2 augustus ek oan ‘e beurt is. De spilers moatte allinne noch efkes in geskikt montuurke fine. Wy binne al benaud dat wy mei dizze glêzen op gau wer yn ‘e 2e Klasse sitte(klik hjir).

Drs. Harry Oosterbaan
Juster koenen jim hjir wat lêze oer âld-SDS ‘er Harry Oosterbaan. As jimme net mear witte hoe ’t hy derút sjocht dan kinne jim him
hjir sjen.

Onur Air?
De mannen fan Sabetocht geane oer inkelde wiken mei syn allen op fakansje. Sy geane foar it earst yn it fleantúch en de reis sil nei Turkije gean. Net al te djoer en al moai waar. Oan alles is tocht. De faksinaasjes lizze al klear en wat de Sabetochters oanbelanget kinne sy moarn wol fuort. Ien minpuntsje hie ik sabetocht………… sy fleane mei…………Onur Air………

4 oeren genietsje fan it skitterend lûd fan loshingjende wjukken???????????????

Nije trainer
Nijland 1 hat in nije trainer. Woansdeitejûn binne de gesprekken west en alles is rûn. Syn namme is ús allinne krekt ûntsketten. Wa wit it? Mail it nei info@vv-sds.nl!

Letter mear…..