Wepperkes -freed-

SDS’ers derop út: Zwart-Wit
21 april 2005
SDS League: Schj(n)appie nije koprinner!
22 april 2005

In soan!!!!

Evert (de onfolprezen lieder fan SDS 5 en de talintfolle skiedsrjochter) en Dieuwke hawwe der in soan by. Tongersdeitemiddei is hy berne.

De namme is ús noch net bekind.
It liket er op dat it Freulepartoer fan 2021 him al aardich foarmjen giet.

 

Spitskool
Lieder Ids Boersma fan SDS 4 jout foar de wedstryd de opstelling. Sjoen de leeftyd wierskynlik sprekt hy de hearen oan mei de efternamme. It kin ek komme troch gjin misbegryp te krijen mei twa Ypes.
Dat klinkt as dus: doel: Boekholt, lêste man Dijkstra, midmid Hiemstra en spits Kool

Tip
Wy krigen in goeie tip fan Sjoerd van Beem fan SDS 3.
Mei ik jimme der op wize dat neist SDS1 ek SDS3 noch altiid yn de race om it kampioenskip is?
Sneon komt Warkum 3 op besite, in direkte konkurint! Dat betsjut spanning en spektakel. ‘ Bloed, zweet en tranen’!!
De oftraap is om 12.30, oant dan!
Sjoerd van Beem(SDS3)
Dit liket ús de muoite wurdich!


Letter hjoed mear