Wepperkes -freed-

Biljerte foar Asië
6 januari 2005
Hoe wurdt SDS 1 kampioen?
7 januari 2005

ONT fjild en seal nei Frentsjer
Sawol it fjildteam as it sealteam fan ONT hat him pleatst foar de eindrondes foar de Midwintercup. SDS moat de freedtejûn foar de eindrondes noch foar de kompetysje spylje tsjin ONT/CHZ. It sil ús benije as dat no ek trochgiet.

Sjoerd

Sa’t elkenien wol wit is Sjoerd van Beem in grut supporter fan sc Heerenveen. It is ek algemien bekind dat hy net in grut supporter is fan Stefan Selakovitsch. Hy hie al in pear kear Riemer van der Velde de rie jûn om dizze spiler te ferkeapjen. Riemer spruts doe de histoaryske wurden: Sjoerd jonge, asto wist wêr ik mei him hinne moat, dat moast my mar helpe.”
It is no dus dúdlik wurden dat Sjoerd van Beem fuotbalmakelaarskwaliteiten hat want it foel no allegear op syn plak. Meielkoar nei Gotenburg en ûnderhannelje mei dy klup.
En it is dus slagge: Selakowitsch giet nei Gotenborg. In miljoen euro hawwe se der noch útsleept. Grutte klasse jonges. Jim kinne wol wer ris op paad.

Durk Yde Sjaarda
De iene deis sitte je jûns sân oere noch yn Gotenburg en de oare jûns om sân oere steane je te fuotbaljen yn Easterein. Dêr tusken lizze 24 oeren fan feeste op de boot en lifte.

Praat ús nea wer oer in goeie tarissing, want 3 nachten amper op bêd  en dan dochs noch 4 kear skore : it hoecht dus nea wer oars.

 

De sjaal
Wy hawwe al ris earder sein dat wy graach sjogge dat de SDS sjaal op frjemde plakken droegen wurdt. Op bygeande foto is te sjen dat de lifters “de Abe Lenstra”fan Gotenborg efkes fersierd hawwe mei in de swart wite sjaal.

Neist dizze foto binne der op de side fan Jaring Rispens noch 190 foto’s te finen oer it liften. Seker de muoite wurdich om it liftavontoer yn byld te sjen.


De priis
Sneon is de kenniskwis, dêr binne jim allegear wolkom. Om 5 foar seizen begjinne we en der wurdt striden om in selde soart priis as ferline jier. Hy is allinne krekt wat oars want wy soene it ferfelend fine dat Willem aansens twa deselden yn ‘e hûs stean hat.

Biljertaksje grut sukses
De biljertaksje foar Asië is in grut sukses wurden. De biljerters hellen mear as 31.000 euro op. Ek dizze foto’s kinne jimme besjen op de webside fan Jaring Rispens(klik
hjir).