Hoe wurdt SDS 1 kampioen?

Wepperkes -freed-
6 januari 2005
SDS-supporters
7 januari 2005

Fansels wol SDS 1 dit seizoen kampioen wurde. De trainer hat in manier fûn om te probearjen dit doel te berikken. Supporters hawwe faak ek in miening. Soms hawwe sy in bytsje gelyk en soms hielendal net. Soms kinne je as trainer je fisie oanpasse oan dy fan de supporters. Meastal kriget de trainer de miening fan de supporters te hearen yn de kantine nei de wedstriid. It kin ek oars…..

Spiler fan SDS 1, Dirk-Yde Sjaarda, krige 13 desimber dit briefke troch de briefebus. Hy hat gjin idee fan wa.


As je it goed lêze kinne dan stiet der it folgende:
dirk kuyt zou een goeie aanvulling zijn voor sds na de
winterstop om te promoveren
“. Dit is ûndertekene mei “supporter“.

Wy binne benijd wa as dit no dien hat. Wa hat der no noch sa ’n âlderwetse typmasjine?

De tip sil seker meinommen wurde troch Lykle. Wy tinke allinne dat it net helber is.