Wepperkes -freed-

Seleksjes SDS 2,3,4 en 5.
26 november 2004
Wepperkes -sneon-
27 november 2004

2 wedstriden yn 24 oeren
Freedtejun moat SDS 1 om 19.00 oere oefenje tsjin Cambuur A1. It 1e sealteam spilet freedtejûn om 20.10 oere yn Harns. Sneon spilet SDS 2 om 14.30 yn Drûgeham foar de beker. Dit betekent dat Skelte, Tjeard, Henk, Mark(allegear SDS 1), Jan Simon, Anne en Willem(allegear SDS 1 futsal) allegear 2 wedstriden spylje binnen 24 oeren. Mar goed dat SDS 1 sneon net hoecht(?!). Moarn kin wy sjen as it ek helpt as je 2 wedstriden ticht op elkoar spylje.

Exstador – SDS 1
Âs je no jûn net folle te dwaan hawwe dan is it miskien wol in aardige tip om jûn efkes yn Harns te sjen. SDS 1 spilet dêr om 20.10 oere yn ‘e Waddenhal tsjin Exstador. Geheid dat dat in leuke pot wurdt.

B- bekert
SDS B1 is de ienige jeugdploech dy’t noch yn de beker sit. Sneon 27 novimber trede sy oan tsjin Ens. It begjint om 12.30 oere. Sjoen it feit dat de B-s dit jier yn de kompetsyje noch net in punt ferlern hawwe en goed fuotbalje is it seker de muoite wurdich om efkes te sjen. Komme dus. Wa’t leaver in bekerwedstriid fier fuort sjocht kin altyd noch nei Droegeham ride. Dê’r fuotballet SDS 2 yn de beker.

Futsal-3
De berjochtjouwing út futsal 3 lit wol wat te winskjen oer. Wy hawwe fia-fia heard dat se woansdei ferlern hawwe fan koprinner Langweer. Iets fan 2-6 of soks sa wat.

Mear wepperkes?
Hawwe jimme mear nijs, mail it nei
info@vv-sds.nl.