Wepperkes -sneon-

Wepperkes -freed-
26 november 2004
Kompetysje útslaggen 27-11
27 november 2004

Doelpuntenmakkers
De bruorren Posthmumus, Jelmer en Gearard woene dizze sneon net foar elkoar ûnder dwaan. Beide skoorden 3 kear. Jelmer foar B1 en Gearard foar SDS 5. Gearard is no de koprinner yn it algemiene klassemint. Sjoch by senioren.

Ferslach
Lieder Evert Tanja hat de wyn der goed ûnder by SDS 5. Hy wiist soms guon oan om in ferslach te skriuwen. Sa ek Gearard Posthumus, hy moast it ferslach skriuwe fan de wedstriid tsjin Nok, fan twa wiken lyn. Hjoed wie dat ferslach der noch net. “Dan skriuwst it no en joust it oan Aant”, sei Evert yn de kantine. En sa moast Gearard it ferslach oan de stamtafel skriuwe. It rissultaat kinne jim yn de kommende Treffer sjen.

Fjilden
Wy hawwe fan é moarn om goed 8 oere efkes kontakt hân mei de kantine. Abe Jan Stegenga en Tinus Hoekstra hawwe de fjilden efkes oer west. Harren oardiel:
Yn Easterein giet alles troch.
Allinne yn Drylts hawwe se in min fjild want C1 gie net troch.

SDS 1- Cambuur A1
Klopt it dat de útslach 2-2 wie? Hawwe sawol Erik Haitsma(foar Cambuur) en Jacob-Klaas Haitsma(foar SDS) skoord?

Futsal: SDS 1 swier ûnderút
SDS 1 hat juster yn Harns mei 7-3 ferlern fan Exstador. It like wol dat de spilers fan SDS allegear lead yn ‘e fuotten hiene. Net ien wie goed. De Harnsers makken hjir tankber gebrûk fan. Exstador stie al nei 40 sekonden mei 1-0 foar. SDS kaam noch al foar mei 2-1(goals fan Willem en Anne) mar Exstador wie de ienige ploech dy ’t fuotballe. It holp ek net dat SDS mar 1 wiksel hie. Tsjipke Okkema koe net fuotbalje troch in seare nekke en moast op it lêst ôfheakje. Yn de twadde helte kaam Exstador net mear yn problemen en rûn maklik út nei 7-3. De tredde goal fan SDS waard net ûngelokkich makke troch Willem.
It is wol no dúdlik dat je net 2 kear fuotbalje kinne yn 24-oeren!?

Hawwe jim nijs, mail it nei info@vv-sds.nl