Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
29 augustus 2007
Seleksjes sneon
31 augustus 2007

Net traine
It trainen fan SDS 2 sneon giet net troch.

De Kennedys
Jûn sillen de bruorren Meinte en Popko Kennedy in begjin meitsje mei in lange rintocht fan 80 kilometer. De start en finisj is yn Wâlterswâlde en sij moatte sneontemiddei om 18.00 oan wêze moatte. Ek Eling de Boer fan Wommels docht mei. Wij winskje harren in soar sukses.
Popko en Meinte kinne mei nammen fannacht wol wat steun brûke. Sy binne te berikken op tillefoannûmer:
06-54351178.

 

Seleksjes
De seleksjes foar moarn binne rûn. Net al te dreech no ’t SDS 2(frij) en SDS 4(ôflast tsjin Zeerobben y.f.m. Fiskerijdagen) net trochgeane. De seleksjes fan SDS 1 en 5 binne by ús bekend en kinne jim hjir yn de rin fan de dei besjen. Wy binne noch wol benijd nei de seleksjes fan SDS 3. Wa ’t it wit mei it maile nei info@vv-sds.nl.

SDS Froulju(1)
De froulju fan SDS spylje moarn harren earste kompetysjewedstryd. Om 12.30 traapje sy ôf tsjin ONS. SDS spilet thús, dus kom gerust efkes sjen.

SDS Froulju(2)
Fansels hawwe de SDS-froulju ek in eigen plakje op ús webside krigen(klik hjir). Wy misse allinnich noch al wat spilersfoto’s. Jim kinne se maile nei info@vv-sds.nl.

Zeerobben – SDS
Moarn spilet SDS 1 yn Harns om 14.30 op kuenstgers tsjin Zeerobben 1. De lêste kear dat beide ploegen foar de kompetysje yn Harns tsjinoer elkoar stienen wie yn 2005. SDS wûn doe mei 2-1 troch goals fan Gert-Jan Hiemstra en Harm Stremler. Sjoch hjir foar it ferslach fan dy wedstryd.

Futsal
Gegroet voetbal- en futsal-liefhebbers, hier Wilem Overal.

Het voetbalseizoen gaat weer beginnen en zo ook in de zaal.
Het zal jullie niet ontgaan zijn dat er wat personele veranderingen zijn geweest m.b.t. het zaalvoetballen. Er zijn nogal wat spelers gestopt. Jammer want futsal 1 en 2 kunnen de hulp wel gebruiken.

Maar daar hoop ik in de toekomst wel op. SDS futsal 1 speelt wel in het hoofd klasse noord A tegen clubs

van naam in de futsal wereld.

Ik hoop dat we met SDS-futsal 1 ons kunnen weren tegen al dat “futsal-geweld”.

Jullie (supporters en liefhebbers) kunnen ons daarbij helpen.

Dus als jullie je een woensdagavond vervelen kijk dan even of der futsal in de Greidhoeke is en kom kijken en aanmoedigen.

Ik heb er zin in en ik hoop jullie ook.

Gr Wilem Overal


Koart
Ype Burggraaff ut Lollum is de aldste fuotballer fan SDS. Nei sa’n simmerstop meldt Ype him meast wer bij de earste wedstryd. Dat wie yn Harns. De wedstryd begun om 18.45 en Ype hie rekkene op 19.15.
Derom earst efkes flagje. Nei de tee soe Ype der yn. Dat barde ek, mar it duorre net lang.Nei amper 5 minuten frege Ype om in wissel. Hij wie tidens it flagjen yn in hazzegat stapt en hie syn ankel wat ferknoffele.

 

16 man
SDS 4 en SDS 5 treine meielkoar. Der wiene tongerwsdei al wer 16 man. Dit giet super.


SDS B1 útskeakele
We ha woansdeitejûn ús lêste bekerwedstriid spyle. Mei 2 foar en 40 tsjin, dat we binne net troch…
1 goal is makke troch GAVC en juster de 1e goal fan it seizoen troch Elger. Mei 2 haadklassers yn de beker-kompetysje hienen we it ek dreech.
Wol wie der juster wat winst te fieren!(?). Ja, winst, want we seagen juster in grut ferskil mei de 2 wedstriden derfoar. De jonges begripe better wat der barre moat oan opstelling, beweging, coachen ensfh. Taken waarde goed útfiert elts woe hurd wurkje. Fansels is der noch genôch te dwaan.
Mar de jonges ha it juster prima oppakt en der kinne we seker mei fierder.
Sneon om 10.45 thús tsjin Dronryp B1. Sjen as it yndie foarút giet.
Alders! Steun de jonges ek en kom te sjen! groet, Klaas Pompstra.
(Klik hjir foar alle wedstrydferslagen yn de beker)
 

SDS E3 wint oefenwedstryd
Wy hiene in oefenwedstriid tsjin RES E4.

It wie in hege utslag 10-0.

Natuerlyk foar SDS en de goals wiene makke troch: Piter 4 keer Jorrit H.2 keer Gert-jan 2 keer en Watze Jacob 2 keer en ik sels (Frank) hie 6 assists.

Foar de eerste keer spiele we al hiel goed.

Wiebe die it goed efterin tegearre mei Jos en Gerwin.

Koen underskepte in hiel soad ballen  en jorrit V sjitte vaak op goal mar hie gjin gelok.

Wy hawwe in hiel leuk team.

Frank Bervoets


Fryslân Boppe
Ien fan de 2 webmasters(dyjinne dy ’t him nea skeerd) die fan ‘e wike mei oan it spultsje Fryslân Boppe fan Omrop Fryslân tillevysje. Dizze gemeente-ambtner fan Snits die it net gek yn dizze kwis. Hy rikte sels oan ’t de finale. Yn de finale wie de tsjinstanner him wat te snel ôf. Lytse foutsjes en ien hiele grutte dienen him úteinlik ferliezen. De broek sakke eltsenien hast ôf doe ’t hy in lûdsfragmint krige fan de boargemaster fan Snits(syn baas) en dat hy net sizze koe wa ’t dit wie….. Wy hâlde it der mar op dat hy mei in Brok yn de kiel stie…..

Klup út Sneek?
SDS 2 spile foarige wike yn Snits foar de beker tsjin ONS 2. Yn it trainingsjack rûnen sy krekt foar de wedstryd lâns in pear ouwe Snekers dy ’t sy sizzen hearden; “ik vroeg net aan myn maat, wat veur klup út Sneek is dit?”


Lytse poppe!
Dyselde sponser Rudolf de Jong(Allicht) hat tegeare mei syn frou Anneke van der Hoff in lytse poppe krigen fan ‘e wike. It famke hat de namme Leah Ida krigen. Fan herte lokwinske!
De kaartsjes kin hjir hinne:
Hofkamp 4
8731BV Wommels

Nije SDS League
Jûn om 24.00 slút de transfermerke. Fanôf dan kinne je je wer ynskriuwe foar de SDS League. Wy wachtsje noch efkes want wy ferwachtsje noch inkele grutte transfers:
Alves(HEE) nei Benfica of AZ,
Emanuelson(AJA) nei Arsenal,
Vayrynen(PSV) nei FC Twente,
Stanislav Vlcek(Slavia Praag) nei AZ,
El Hamdaoui(WII) nei Feyenoord of AZ, 
Chun Soo Lee(Ulsan Hyundai) nei Feyenoord,
ensfh.


Letter mear!