Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
29 augustus 2007
Wepperkes -freed-
30 augustus 2007

SDS 4 is frij
Y.f.m. de fiskerijdagen yn Harns giet SDS 4 – Zeerobben 5 sneon net troch.

Futsal: SDS 1 pakt punt
SDS 1 spile justerjûn syn earste wedstryd foar de beker tsjin De Griffioen. It waard in drege pot wêryn De Griffioen de kansen krige en SDS de goals. It wie Feite dy ’t SDS 1 oan ’t 3 kear op foarsprong sette. Hieltiten kaam de Griffioen werom. De lykmakker foel pas yn de lêste minút. Spitich mar wol terjochte.

E1 echte kupfjochters
E1 hat woansdeitejûn in goed resultaat del setten yn de bekerstriid. Nijland waard oan de kant setten mei 5-3. De earste wedstryd hiene sij ek al wûn: 9-3 wie doe de einstân. Nije wike nimme se it op tsjin CVVO.

B1 ferliest
B 1 spile woansdeitejûn op it haadfjild. Dat hat as foardiel dat it skoareboerd bijhâlden wurde kin. Dat joech lykwols wol wat problemen oan de ein fan de wedstryd. Boppe de de njoggen kinne je neat mear kwyt. SDS ferlear mei 1-12 fan SneekWZ

F1 wint
Ek op woansdeitejûn wie de bekerwedstryd fan F1. Sij namen it op tsjin Res út Boalsert. It waard it prachtige 2-1 oerwinning.

Trainingspakken
Sa’t it no liket sjogge wij oer net al te lange tiid de A-spilers yn it krease SDS- trainingspak. Ek sij rinne der dan allegear wat geyk bij. Binne der mear spilers dy’t sa’n moai trainingspak oanskaffe wolle, dan kinne je dat melden bij Douwe Dirk Reitsma.

SDS 2
SDS 2 traint jûn wer om 20.30. Trainer Hylke Schrale wol graach eltsenien om 20.20 op it fjild sjen. Der wêze dus.

35?
De 35 jierrige Folkert Rients Vellinga, bekind fan it Fryske folksliet, skoorde tiisdei it ienige SDS doelpunt bij SDS feteranen.

Traine
It trainen fan SDS 4 en 5 begjint om 20.15 oere. Dat betsjut wol dat trainer Sipke graach wol dat elkenein dan ek klear stiet. Dus foar sommigen is it better om te sizzen: 20.00 oere der wêze, ferklaaie en bijprate en dan binne je om 20.15 klear.

Selektyf
De lifters dy’t 1 jannewaris altiten op paad gean út Wommels hawwe as fêste rigel dat se net mei in Fiat Multipla meiride meie. Sommige Ajax-supporters binne noch selektiver. Sjoch
hjir

Nije SDS League
Hjoed en moarn noch en dan slút de transfermerke. Fanôf dan kinne je je wer ynskriuwe foar de SDS League. Wy wachtsje noch efkes want wy ferwachtsje noch inkele grutte transfers:
Alves(HEE) nei Benfica of AZ,
Koné(PSV) nei Sevilla,
Koevermans(AZ) nei SC Heerenveen,
Emanuelson(AJA) nei Arsenal,
Vayrynen(PSV) nei FC Twente,
ensfh.

Liverpool
Op syk nei kaarten foar Liverpool-Newcastle United kamen wy ek in pear bekenden tsjin op it ynternet…..



Letter mear!