Wa wint de SDS WK-League?

Wepperkes -freed-
7 juli 2006
WK mei noch 1 wedstryd te gean.
9 juli 2006

Wa giet de SDS WK-League winnen?
Wint Aant Hofstra it? Hy hat it meast boppe-oan stien, mar dat is fansels gjin garansje. Wy sil sjen wa ’t de measte kâns makket.

De top 10 sjocht der no sa út:

  Naam  Poule 8e finale ¼ finale ½ finale finale Punten
 
1 Aant Hofstra 200 350 350 75 100 1075
2 Willem Wijnia 215 325 350 75 100 1065
3 Lolke Hofstra 215 350 250 150 100 1065
4 Ate Feike de Boer 145 325 300 150 100 1020
5 Jan Simon Jelsma 190 325 250 150 100 1015
6 Peter Sijbesma 215 375 250 75 100 1015
7 Ruurd Boorsma 245 325 250 75 100 995
8 Jacob Plantinga 220 250 300 225 0 995
9 Ids de Boer 210 275 250 150 100 985
10 Minne Bonnema 215 325 250 75 100 965

Hoefolle punten binne der noch te ferjaan?
Foar de bonusfragen binne der max. 250 punten te heljen. Foar elk goed antwurd 50 punten. Hawwe je de wereldkampioen goed dan krije je dus 50 punten.
Ek de Toto telt noch by de lêste 2 wedstriden. Hjir kinne je dus noch maximaal 20 punten fertsjinje.

Wa wurdt der wereldkampioen?
Dit wurdt Frankryk of Italië. Aant giet noch altiten foar Nederlân. Dit kin him de kop wolris kosten gean. Willem Wijnia(2e), Ate Feike de Boer(4e), Gerlof-Jan Hofstra(11e) en Kees Adema(12e) geane foar Italië. Mocht Frankryk winne dan komme Jan Simon Jelsma(5e) en Ruurd Boorsma(7e) hiel tichtby. Sy hawwe (tegeare mei Namkje Koudenburg) Frankryk op winst.

Hoefolle giele kaarten?
Dit hat net ien goed. Wy sitte no 336 giele kaarten. Namkje Koudenburg komt it tichtste by mei 304.

Hoefolle reade kaarten?
Wa ’t de reglementen goed lêzen hat dy hat sjoen dat allinne de reade kaarten telle dy ’t yn ien kear jûn binne. Twa kear giel telt dus net as read, mar gewoan as twa gielen. Oan ’t no ta binne der 7 direkte reade kaarten fallen. Ate Feike de Boer(4e) gokte op 7 lykas Sjoerd Postma en Feite de Haan.

Wa wurdt topskoorder?
Heechstwierskynlik wurdt Miroslav Klose topskoorder fan it WK. Dit hat net ien foarspeld.
Henry(no 3 goals) makket noch in lytse kans op dizze titel. Ruurd Boorsma(7e), Lolke Hofstra(3e), Minne  Bonnema(10e), Ids de Boer en Johan Delfsma hawwe harren jild op Henry setten.
Toni(no 2 goals) moat in hiele goeie dei hawwe om topskoorder te wurden. Willem Wijnia(2e) en Dirk de Jong hawwe keazen foar dizze opsje. Aant Hofstra sit hielendal mis mei Ruud van Nistelrooij as topskoorder.

Hoefolle goals makket de topskoorder?
De topskoorde(Miroslav Klose) hat oan ’t no ta 5 makke. Feite de Haan, Jan Strikwerda(ûnderste), Sybren Wesselius en Rinse Joustra foarspelden dit ek. Mocht Klose hjoed noch ien meitsje dan gean de punten nei:
Jacob Plantinga
AnneMarie Wijnia
Frouke Bleeker
Skelte Anema
Freddy Scheltema
Sytze Jorritsma
Jeroen Brouwer
Willem Wijnia
Tsjerk van der Pol
Margje Koudenburg
Aant Hofstra
Marco Hoekstra
Peter Sijbesma
Gerrit Koudenburg
Wybren Jorritsma
Dirk de Jong

It kin dus noch alle kanten op.

It prizenjild wurdt as folgt ferdield:
1e priis: €100,-
2e priis: € 75,-
3e priis: € 50,-
Lêste: Poedelpriis.