Wepperkes -tongersdei-

Loftfoto’s Skoalleseize
27 april 2006
Wepperkes -freed-
27 april 2006

Futsal: SDS 2 docht goeie saken
SDS hat justerjun yn en tsjin Genemuiden 3 tige wichtige punten pakt yn’e race om it kampioenskip. Mei in seleksje fan 6 man, mei Korne Boekholt op’e goal en fierders mei Tseard, Feite, Anne, Skelte en Dirk-Yde, waard it úteindelyk 3-6.
De wedstriid begun dramatisch foar SDS. Nei sa’n 10 minuten seach SDS tsjin in 3-0 efterstan oan. SDS hie de kop de net by en it wie oan Korne te danken dat de skore op dat momint net heecher waard. Dernei kaam SDS better yn’e wedstriid en untstienen der ek kansen. Dirk-Yde en Feite koenen foar de rest noch skore en soarchen sa foar de reststan, 3-2.
Nei de rest untstoen der in iepen wedstriid. Mei kansen foar beide goals wie SDS wat lokkicher en koe sa fia Skelte de lykmakker meitsje. Dernei wie SDS de boppelizzende party en kaam troch twa goals fan Dirk-Yde op in ‘feiliche’ 3-5. Skelte koe yn’e slotfase der ek nog 3-6 fan meitsje.
Troch dit resultaat stiet der kommende moandei yn Hasselt in serieuze kraker op it programma. ZVH is dan de tsjinstander. De winnaar fan dizze striid mei him sa goed as seker kampioen neame yn ‘e 2 klasse A.
Dirk Yde

Ien wedstryd
Der is jûn ien wedstryd yn Easterein. SDS C2 spilet thús om 19.00 tsjin Oldeholtpade C1. Kom gerust efkes sjen.

Útslach
Hoe hat SDS B1 juster spile? Mail it nei info@vv-sds.nl!

Wûn
SDS F5 hat justerjûn wûn bij YVC mei 2-1. Spannende pot. Bij rêst 1-0 foar. Twadde helte 1-1 en yn de lêste sekonde 2-1 foar SDS. Beide doelpunten fan Roan Petra dy’t as in echte Romario stie te goalgetten.


Jeugdvoetbaldag
Foar alle junioaren en pupillen is der op 10 juny in jeugdvoetbaldag op it Skoatterwâld by Heerenveen. De dielname hjiroan is gratis. Jim hawwe noch 3 dagen op jim dêrfoar op te jaan by Anco Elgersma. Lês der hjir mear oer(klik hjir).

Nije spits

Neffens de geruchten hat Riemer van der Velde in nije spits op it each foar it SC Heerenveen. De foarsitter fan dat steltsje boeren wol it folgend seizoen sa probearje(klik hjir).

Noch 25

M   BROUWER WOMMELS
L.J. VD BRUG HENNAARD
Y.   BURGGRAAFF LOLLUM
R VAN DIJK LEEUWARDEN
J.   DOTINGA WOMMELS
F.E.   DUIPMANS EASTEREIN
A.   HOEKSTRA WOMMELS
TJ   HOEKSTRA EASTEREIN
H DE JONG WOMMELS
J.   JORRITSMA ITENS
D   KOOL KUBAARD
K.   MALDA WOMMELS
S.   NAUTA ITENS
S.   RISPENS WOMMELS
T.   VERMEULEN KUBAARD
E H   COUPERUS EASTEREIN
C   GAASTRA EDENS
R DE KROON HIDAARD
M   POSTMA RIEN
W J   POSTMA WOMMELS
G.   RIENSTRA WOMMELS
W.H. VD SCHAAR WOMMELS
A.C.   STRUBBE WOMMELS
A S   TURKSMA WOMMELS
E.G.   TURKSMA WOMMELS


Letter mear!