Wepperkes freed 11-1

Weppers tongersdei 10-1
9 januari 2008
Midwintertoernooi
11 januari 2008

Midwintercup
De fjildfuotballers fan SDS binne justerjûn spitich genôch útskeakele yn de foarronde foar de Midwintercup. Sy wienen úteinlik net opwosken tsjin Futsal Heerenveen en DTD. DTD waard ferrassend 1e yn de poule.
De earste wedstryd tsjin Robur waard knullich lykspile. 1-0 foar, mar yn de lêste minút noch ien om ‘e earen. Tsjin Heerenveen krige SDS mei in man mear de 1-0 om de earen en waard mei 2-0 ferlern. Fan Wardy waard maklik wûn(3-0, 3x Erik). Fan DTD moast net ferlern wurde om noch kans te meitsjen. Yn 3 minuten wie it dien. SDS oanfalle en DTD makke de 1-0 en direkt ek mar 2-,3- en 4-0. De lêste wedstryd tsjin Easterlittens gie foar SDS dan noch om “it burd fan Aant”(of it kampioenskip fan Littenseradiel). SDS wûn dizze wedstryd mei 3-1(Jildert, Erik en in eigen doelpunt).

Midwintercup(2)
De futsallers fan SDS meie jûn los yn Frentsjer. Sy fertrekke út Easterein om 17.45 mei de folgende spilers: Jan-Simon, Harm, Peter, Anne, Feite, Tseard H.,Skelte en Willem.
Sy spylje de earste wedstryd om 18.45 tsjin de grutte favoryt Avanti. Klik hjir foar it hiele skema.

Net dwaan!!
Ik hearde hjoed ûnderweis dat der spiler(ke)s benadere wurde troch VI om in abonnemint op harren blêd te nimmen en dat SDS dan ballen krije kin. Se hienen it adres troch krigen fan Dhr. Kamstra, mar dat is perfoarst net wier!!!!
Sels Mw. Kamstra wit fan neat en it liket my ek sterk dat Koos hjir fan wit.
NET OP YN GEAN DUS!!!!
Gr. Immie

Wol dwaan!
Ek in soad SDS’ers wurde lestich fallen troch de Postcodeloterij om lid te wurden. Wy woenen eltsenien oproppe om de envelop dy ’t sy krigen hawwe fan de Postcodeloterij op in “orisjinele” manier werom te stjoeren nei it antwurdnûmer, mar foaral net lid te wurden!!! 


Einstân eredivisie?
Wat wurdt de einstân fan de eredivisie? It kin alle kanten noch út. Wy wolle jim freegje om foar moarn jim einstân te mailen. Oan it ein fan de kompetysje sjogge wy wa ’t it meast gelyk krigen hat. Wy hawwe dan fêst in pryske foar hannen.
Ferjit net de 2 bonusfragen yn te fullen(klik
hjir).

B1 de seal yn
11 jannewaris 17.00 oere sealtraine B1
12 jannewaris 19.00 oere sealtoernooi B- en A-junioren

Best genôch
Wy krigen in tip fan Silvia Hania en Dooitse Nauta. Sy hienen wat lêzen yn de Telegraaf wat in soad fuotballers net min útkomme sil. Wy hawwe oars net folle fertrouen yn de “Televaag”, mar as in frou en de fersoarger fan SDS ús dit al tippe dan moat it wol kloppe(klik
hjir).

Debút
Fannejûn makket Jurjen Bosch syn debút yn de basis by SC Cambuur. Foarich seizoen spile hy noch by Wykels/Hallum. Sy binne dêr aardich grutsk op him9klik hjir).

Donor
Wy sjogge gjin reden mear om gjin donor te wurden: